Richard Brakenburg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Sinterklaasfeest. 1685. Ryksmuseum Amsterdam.

Richard Mennessoan Brakenburg of Brakenburgh (Haarlim, 22 maaie (doopdatum) 1650 – dêre, 28 desimber 1702) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't ta de Hollânske skoalle hearde.

Brakenburg waard berne yn Haarlim as tretjinde út in húshâlding fan fjirtjin bern. De famylje kaam oarspronklik út East-Fryslân. Hy wurke en wenne fan 1671 oant sa. 1690 yn Ljouwert; dêrnei gie er werom nei syn bertestêd Haarlim. Hy learde it fak fan de Haarlimske skilder Adriaan fan Ostade en wie as sjenreskilder in trou neifolger fan Jan Steen. Teffens krige syn namme in beskieden klank as portretskilder en als dichter. Yn Ljouwert wie er faaks learmaster fan de Fryske skilder fan seesichten Wigerus Vitringa.

Wurk fan Brakenburg is te sjen yn ûnder oaren it Ryksmuseum yn Amsterdam (sjoch ôfbyld), it Mauritshûs yn De Haach en it Szépművészeti Múzeum yn Boedapest.

Oar wurk[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Richard Brakenburg en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.