René Zwaap
René Zwaap (Rotterdam, 1961) is in Nederlânsk sjoernalist, skriuwer en publisist.
Zwaap presintearre de alderearste royalty-rubryk op de Nederlânske telefyzje, de Appeltjes van Oranje (1994). Hy skriuwt ûnder oare foar de De Groene Amsterdammer, Nieuwe Revu, Algemeen Dagblad, Het Parool, Brabants Nieuwsblad/De Stem, De Republikein, De Staatskrant en ferskaat oan Portugeeske en Brazyljaanske blêden. Tegearre me Mohamed el-Fers betocht en makke er MokumTV op de Amsterdamske lokale stjoerder Salto A1.
Zwaap wûn in 2000 de Mercur-priis foar 'Bêste Redakteur/kollumnist fan it jier'.
Hy publisearre de novellebondel De woestijnen van de liefde (1992), de biografy De Vader van Pietje Bell (oer Chris van Abkoude, yn 'e mande mei Jan Maliepaard) en biografyske stúdzjes oer keizer Wilhelm II, J. Slauerhoff, Arthur Rimbaud, Jack Kerouac en Ernest Hemingway.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arthur Rimbaud (1991) ISBN 90-5330-016-3 (yn 2002 ek ferskynd yn it Esperanto-Ido)
- Slauerhoff (1990) ISBN 90-5330-020-1
- Wilhelm II: de laatste Kaiser (1991) ISBN 90-5330-022-8
- Jack Kerouac (1991) ISBN 90-5330-034-1
- Hemingway (1992) ISBN 90-5330-051-1
- Van Kooten & De Bie: 25 jaar narren op de kansel (1992; mei Martin van Amerongen) ISBN 90-5330-059-7
- De woestijnen van de liefde: drie novellen (1993) ISBN 90-5333-152-2
- Een nobel bedrijf: vijfenzeventig jaar Openbare Bibliotheek Amsterdam, 1919-1994 (1994) ISBN 90-6868-097-8
- De vader van Pietje Bell: leven en werk van Chris van Abkoude (1880-1960) (2003; mei Jan Maliepaard) ISBN 90-5330-344-8
- Jukebox, jewkbox!, ein jüdisches Jahrhundert auf Schellack & Vinyl (2014; bydrage oer Leo Fuld) ISBN 978-3-99018-297-0