Relikt

Ut Wikipedy
In Atlantyske degenkrab.

In relikt is yn 'e biogeografy en de paleöntology in populaasje fan in beskaat organisme dat tsjintwurdich mar yn in beheind en/of fersnipele gebiet foarkomt, mar yn it ferline in folle gruttere fersprieding hie. It wurd komt fan it Latynske relictus, in mulwurd dat "efterlitten" betsjut. In relikt kin in soarte of ûndersoarte wêze, mar ek in isolearre populaasje fan in soarte of ûndersoarte, of sels in heger takson, lykas in skaai of in famylje. Men sprekt dan oer in reliktpopulaasje, in reliktsoarte, ensfh. Sokke relikten hawwe grutte feroarings yn harren biotoop oerlibbe, wylst besibbe soarten of oanbuorjende populaasjes útstoarn of weiwurden binne. Iistiidrelikten binne organismen dy't yn har fersprieding fan besibbe soarten of ûndersoarten skaat rekke binne troch de gletsjers fan 'e lêste iistiid.

Foarbylden fan relikten binne de Tasmaanske bûdelwolf (Thylacinus cynocephalus), dy't op it eilân Tasmaanje oerlibbe oant er yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw troch de minske útrûge waard, wylst de rest fan 'e soarte op it fêstelân fan Austraalje tusken 3.000 en 2.000 jier lyn al útstoarn wie. In oar foarbyld is de Atlantyske degenkrab (Limulus polyphemus) fan 'e Noardamerikaanske eastkust, in bist dat besibbe is oan 'e seeskorpioenen dy't 252 miljoen jier lyn ferdwûnen by de Perm-Trias-massa-ekstinksje. In foarbyld fan in iistiidrelikt is de saneamde Snowdon lily, in reliktpopulaasje fan 'e Alpengoudstjer (Gagea serotina), dy't op 'e Britske Eilannen inkeld oerlibbet op 'e noardlike berchskeanten fan Snowdonia yn noardlik Wales, dêr't de klimatologyske omstannichheden blykber ferlykber binne mei dy út 'e lêste iistiid.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.