Reinhard Heydrich

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heydrich yn 1940

Reinhard Tristan Eugen Heydrich (Halle (Saale), 7 maart 1904Praach, 4 juny 1942) wie in wreed ferneamd Dútsk nazylieder, mei de bynammen De slachter fan Praach, De beul fan Praach en It Blonde Bist.

Hy wie SS-Obergruppenführer (generaal) en General der Polizei, sjef fan it SS-Reichssicherheitshauptamt (de Gestapo en Kripo foelen dêr ek ûnder) en Stellvertretender Reichsprotektor (plakferfangend protektor) fan Bohemen en Moraavje. Augustus 1940 waard er presidint fan Ynterpol (it ynternasjonale plysje-agintskip). Heydrich siet jannewaris 1942 de Wannseekonferinsje foar, dêr't de "Die Endlösung der Judenfrage" ('úteinlike oplossing foar it Joadsk probleem') tared waard — de deportaasje en ferneatiging fan alle joaden yn beset Europa.

Skiedhundigen beskôgje him as de swartste figuer fan de Nazy-elite; Adolf Hitler doopte him "de man mei it izeren hert". Hy wie stichter en haad fan de Sicherheitsdienst (SD), in ynljochtinge-organisaasje dy't tsjinstânners fan de Nazypartij ûndersykje en neutralisearje moast; dat barde middels arrestaasjes, deportaasjes en moardzjen. Heydrich wie ek mei-organisator fan de Kristallnacht, in rige oanfallen op joaden en har besittings yn hiel Nazy-Dútslân en parten fan Eastenryk op 9–10 novimber 1938. Dy oanfallen waarden útfierd troch SA-manlju en boargers; in foarspul fan de Holocaust. Yn Praach besocht Heydrich de opposysje tsjin de Nazy-besetting op te kearen troch de Tsjechyske kultuer del te twingen en leden fan it Tsjechysk ferset te deportearjen en te eksekutearjen.

Op 27 maaie 1942 waard in oanslach, koadenamme Operaasje Anthropoid, op Heydrich dien yn Praach troch Tsjecho-Slowaakske soldaten dy't troch de Britten treend wienen en dy't stjoerd wiene troch it Tsjecho-Slowaaksk regear-om-utens. Heydrich stoar in wike letter oan syn ferwûnings. De geheime tsjinst keppele de moardners oan de doarpen Lidice en Ležáky. Lidice waard mei de grûn lyk makke; alle manlju waarden deasketten, en útsein in hantsjefol, waarden alle froulju en bern ôffierd en deadien yn konsintraasjekampen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]