Kristallnacht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De synagoge yn Pforzheim nei Kristallnacht

De Kristallnacht wie in troch de nazi's organisearre pogrom rjochte tsjin de Joaden yn Dútslân.

De Kristallnacht barde yn de nacht fan 9 op 10 novimber 1938. Yn hiel Dútslân waarden Joaden oanfallen, der waarden 267 synagogen yn brân stutsen en ûngefear 7500 winkels en bedriuwen fan Joaden fernield. Ek Joadske huzen, skoallen, begraafplakken en sikehuzen moasten it ûntjilde. It waard de brânwacht ferbean om de brânen te blussen. Yn de Kristallnacht waarden 92 Joaden fermoarde. Ek yn Eastenryk en Sudetelân waarden Joaden oanfallen en harren besittings fernield.[1] Nazypropagandaminister Joseph Goebbels wurdt sjoen as it brein efter de Kristallnacht.

De namme Kristallnacht ferwiist nei de soad glêswurk dat by dizze oanfallen fernield waard. Fan Joadske side waard letter beswier makke. Sy fûnen de namme te eufemistysk te sjen oan de earnst fan wat bard wie. Sûnttiids wurde der yn Dútslân ek oare nammen brûkt, lykas Reichspogromnacht en Novemberpogrome 1938. De Kristallnacht wurdt sjoen as in kearpunt yn it belied fan de nazi's tsjin de Joaden.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Kristallnacht troch it Nederlânsk Auschwitz Comité