Rabat
Rabat (الرباط) is de haadstêd fan Marokko. Mei de foarstêden Salé en Témara hie Rabat yn 2004 1.622.680 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Rabat leit de linker igge fan de rivier Bou Regrech dy't yn de Atlantyske Oseaan útmûnet. Op de oare igge leit Salee.
[bewurkje seksje] Skiednis
De skiednis fan Rabat set útein mei de stifting fan in delsetting yn de 3e ieu f.Kr., dy't Sjellah neamd waard op de igge fan de rivier Bou Regrech. Troch de Romeinen waard dizze stêd beset en neamden har Sala Colonia. De Romeinen hawwe de koloanje ferlitte yn 250.
Om-ende-by 1150 boude de Almohadyske sultan 'Abd al-Mumin by Rabat in kastiel dy't letter de Kasbah fan Oudaïa wurde soe, in moskee en in ferbliuw. It geheel waard in ribat neamd, in festing. De tsjintwurdige namme is ôflaat fan Ribat Al Fath, wat "it kamp fan de oerwinning" betsjut. Ya'qub al-Mansur, in pakesizzer fan 'Abd al-Mumin, hat de festing grutter makke mei en fersterke mei in muorre derom hinne en brûke as basis foar de Almohadske ekspedysjes yn Andalusje.
Yn 1912 waard Rabat troch de Frânsken ta haadstêd makke fan it Frânske protektoraat. Letter doe't Marokko ynn 1956 bleau Rabat de wichtichste stêd fan it lân.
[bewurkje seksje] Underwiis
Yn Rabat is de Mohammed V-universiteit festige.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrich
- Mausoleum fan Mohammed V
- Mohammed V Universiteit
- Hassan Toer
- Sjellah nekropolis
- Kasbah fan de Udayas
[bewurkje seksje] Berne yn Rabat
- Ronald Agenor (13 novimber 1964), Haïtiaansk-Amerikaanse tennisser
- Philippe Barbarin (1950), Frânsk kardinaal-aartsbisschop fan Lyon
- Nezha Bidouane (1969), horderinster en sprintster
- Hassan El Mouataz (1981), fuotballer
- Younes El Aynaoui (1971), tennisser
- Mohammed VI fan Marokko (1963), kening fan Marokko