Amman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Amman
Jabel Amman.jpg
Sifers
Ynwennertal Grut Amman 2.800.000 (2010)
Oerflak km²
Befolkingstichtens km²
Hichte trochsneed 733 m
Polityk
Lân Jordaanje
gûvernemint Amman
Boargemaster Omar Maani
Oar
Stifting 7000 f. Kr.
Koördinaten
Webside Webstee gûvernemint Amman
Lizzing Amman

Amman (عمان; yn de âldheid: Philadelphia) is de haadstêd fan Jordaanje. De stêd leit yn it noarwesten fan it lân, mar inkelde tsientallen kilometers fan de Westlike Joardaanouwer en de Deade See. Yn 2000 hie de stêd likernoch 1,5 miljoen ynwenners.

Amman is it politike-, kulturele- en kommersjele sintrum fan Jordaanje en ien fan âldste trochgeand bewenne stêden fan de wrâld. De stêd is frijwat 'ferwestere' fergelike mei oare grutte stêden yn de regio. De stêd leit mids en op hichten (no 19). De wichtichste stedsdielen binnen neamd nei de hichte dêr't sy op boud binne. Wichtige ferfiermiddels binne de bus, de taksy, en de dielde taksy. Amman is it foarneamste ferkearsknooppunt fan it lân.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de omkriten fan Amman binne argeologyske fynsten út de Nije Stientiid dien. Yn de 13e ieu f. Kr. hjitte de stêd Rabbath Ammon of Rabat Amon (troch de Ammoniten. Yn de bibel wurdt Amman oantsjut as Rabbat Ammon. Yn de rin fan de ieuwen waard de stêd ferôvere troch de Assyrjers, folge troch de Perzen en de Griken. Ptolemaeus II Philadelphus, de Hellenisyske hearsker oer Egypte, werneamde it Philadelphia. De stêd hearde ûnder it Nabateeske keninkryk oant 106; dêrnei sloegen de Romeinen dêr foar master op. Yn de Romeinske perioade hearde Amman, doe Philadelphia, ta de steden fan de Dekapolis.

It moderne Amman waard stifte yn 1878, doe't it Ottomaanske Ryk dêr in groep Tsjerkessyske ymmigranten ûnderbrocht. Sy foarmen oant healwei de 20e ieu de mearderheid fan de befolking. Under oaren troch de grutte ymmigraasje fan Palestinen, dy't fanwege de Israëlysk-Arabyskee oarloggen nei 1948 nei Jordaanje flechten, hat de stêd in grutte groei trochmakke.

It besjen wurdich yn Amman[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is fral basearre op ynformaasje út Jordan, The Rough Guide fan Matthew Teller en feiten fan de Ingelsktalige Wikipedia