Public school

Ut Wikipedy
Westminster School, Londen

In public school as independent school is in priveeskoalle foar fuortset ûnderwiis yn Ingelân. It is meast in prestizjeuze skoalle foar fuortset ûnderwiis mei in ynternaat, dy't gjin subsydzje krijt.

Fanâlds binne der jonges- en famkes kostskoallen. Tsjintwurdich binne der ek mingde skoallen en wurde ek net-ynwenjende learlingen talitten (day pupils).

Guon fan dy skoallen hawwe in lange tradysje, lykas Winchester College, dat út 1382 stammet, Eton (1440), Gresham's skoalle (1555) en Harrow (1571).

Yn Skotlân is in public school te fergelykjen mei in iepenbiere skoalle yn Nederlân, mar yn de oare lannen fan it Feriene Keninkryk hat de public school in oare betsjutting. Oare Ingelsktalige lannen wurdt faak fan 'state school' praat foar skoallen mei subsydzje, en fan private school foar ynstellingen sûnder oerheidsstipe.