Springe nei ynhâld

Prins Valiant

Ut Wikipedy
Byldmerk fan de striprige

Prins Valiant (Ingelsk: Prince Valiant) is in tekenteltsjerige fan de Amerikaanske tekener Hal Foster. De strip waard doedestiids tekene foar Amerikaanske kranten. It ferhaal spilet him ôf om de Arturleginde hinne.

Op 13 febrewaris 1937 ferskynde de earste strip. Hal Foster wie doe 44 jier, hy soe de strip oant 16 maaie 1971 meitsje, oant side 1788. Dêrnei naam John Cullen Murphy de taak fan him oer.
Yn Nederlân is Prins Valiant in tal kearen publisearre. It meast ferneamd waard de útjefte fan de Vivo-winkels dy't ienris de twa wiken ferskynde yn 1966-1968. De rige stoppe by ôflevering 55. Yn de njoggentiger jierren hat Semic Press de rige op 'e nij útjûn. Tuskentroch binne ek noch inkele losse sa goed as selsstannige ferhalen ferskynd yn grutte en lytse formaten, yn kleur of swart-wyt.
Troch útjouwerij Silvester) is de rige yn it lúkse fersje as lêste útbrocht.

Hal Foster hat earst Tarzanstrips tekene foar United Features Syndicate. Omdat er net tefreden wie oer de wize dêr't sy mei dêr syn wurk omgiene en it feit dat er it slim fûn in geastesbern fan in oar tekenje te moatten, besleat er folslein oer te stappen nei in eigen kreaasje: "Prince Valiant". De strip krige as subtitel: "In the days of King Arthur" en waard troch King Features yn de kranten fan William Randolph Hearst publisearre.

Opfallend oan de striprige wie dat er gjin gebrûk makke waard fan tekstballonnen, mar fan ferheljende tekststripen ûnderoan yn it ramt fan de tekening.

Haadpersonaazjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Prins Valiant: De prins fan Tule en rûnetafelridder en haadpersoan dêr't it ferhaal om draait
  • Aleta: Keninginne fan de Dizeëilannen, frou fan Valiant
  • Arn: Aldste soan fan Valiant en Aleta, krijt yn lettere albums somtiids in haadrol
  • Karen en Valeta: Twillingdochters fan Valiant en Aleta
  • Kening Aguar: Heit fan Valiant, kening fan Tule
  • Boltar: Fleurige Wytsing, goeie freon fan Valiant
  • Tillicum: Yndiaanske frou fan Boltar
  • Gawain: Rûnetafelridder, learmaster en freon fan Valiant, ivige Don Juan, healbroer fan Mordred
  • Gundar Harl: skipsbouwer mei mar ien skonk en ien hân, freon fan Valiant en Aleta
  • Modred: Healbroer fan Gawain en kening Artur, besiket Artur falle te litten

Algemiene typering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Prins Valiant-tekenteltsjes binne bekend as in goed dokumintearre en detaillearre striprige, mar it rint oer fan anagronismen. Valiant is by ferskate histoaryske foarfallen yn Jeropa belutsen: hy is tsjûge fan de ûndergong fan it Romeinske Ryk as de haadstêd Rome yn 410 troch de Fisigoaten oermastere wurdt; hy lânet mei syn striidkameraten, dy't meastentiids byfigueren binne, op de eastkust fan Noard-Amearika en de westkust fan Afrika, dêr't sy de skrik fan harren libben krije as sy gorilla's en oaljefanten sjogge. Ek it Hillige Lân wurdt oandien, dêr't er by krúsfardereftige gefjochten (12e en 13e iuw) belutsen rekket. In protte persoanen en foarfallen (Kening Arthur, de fal fan it Romeinske Ryk, de Hunnen) dogge tinke dat it ferhaal him yn de 5e iuw ôfspilet; dat is in goeie kar foar in aventoerestrip, want op dat stuit wie Jeropa in gaos nei de fal fan it West-Romeinske Ryk en it begjin fan it Grutte Folkeferfarren. Lykwols komme der ek Wytsingen yn foar, dy't pas sûnt 9e iuw yn de skiednis komme. De wapenrissings en kastielen komme út de Lette Midsiuwen. In inkelde kear moetet Valiant in algemist, dy't by fersin it buskrûd útfynt. Ek moat Valiant oer in ûnbidige kennis fan talen beskikke, want hy kin oeral yn Jeropa en sels dêrbûten mei elkenien praten. Allinnich yn Noard-Amearika moat er by de Yndianen earst mei meneuveljen dúdlik meitsje wat er wol.

De humor wurdt faak net as sterkste punt fan de strip beskôge, lykwols is de relaasje fan Valiant mei Helena út en troch komysk. De ferhalen binne yn it generaal spannend en romantysk. De gefjochten, de grutte fjildslaggen likegoed as de yndividuele swurdgefjochten, wurde meastentiids kreas stilearre en goreografysk yn byld brocht. Benammen yn de earste ôfleveringen komme in protte mearkeseftige eleminten foar, lykas in wiersizzende tsjoenster, tsjoenderskeunsten fan legindaryske figueren as Merlyn, Morgan le Fay en frjemde mûnsters.

It súkses fan de strip late ta twa bioskoopfilms, dy't beide "Prince Valiant" hieten.

Yn 1991 is der ek in animaasjerige makke: "The Legend of Prince Valiant".

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]