Port-au-Prince

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Port-au-Prince
Port au prince-haiti.JPG
Sifers
Ynwennertal 1.277.000(2006)
Oerflak 36,04 km²
Befolkingstichtens 33.000 / km²
Hichte 98 m
Polityk
Lân Haïty
Departemint Ouest
Arrondissemint Port-au-Prince
Oar
Stifting 1749
Tiidsône EST (UTC-5)
Koördinaten

Port-au-Prince (Kreyòl: Pòtoprens) is de haadstêd en de grutste stêd fan Haïty. De stêd hie yn 2006 1.277.000 ynwenners. De agglomeraasje, mei de stêden Cité Soleil, Delmas, Carrefour en Fond-Parisien, meast út sloppewiken besteand, wurdt bewenne troch 2,5 - 3 miljoen minsken. Port-au-Prince is teffens haadstêd fan it departemint Ouest en fan it arrondissemint Port-au-Prince.

De stêd leit oan in baai fan de Golf fan Gonâve. Port-au-Prince eksportearret kofje en sûker en dêr wurdt fierders hannele yn sjippe, tekstyl en semint.

It plak waard yn 1749 stifte troch Frânse sûkerplanters. Yn 1804 waard Port-au-Prince de haadstêd fan it doe krekt ûnôfhinklik wurden Haïty. Dêrfoar waard de stêd beset troch Britske troepen.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

De wiffe politike tastân yn Haity hat it toerisme yn Port-au-Prince net folle skea dien. De Ynternasjonale Lofthaven Toussaint Louverture is it wichtige startpunt foar bûtenlânske toeristen. De measte toeristen besykje en ferbliuwe yn Pétionville.

Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente Port-au-Prince bestiet út de neifolgjende sections communales:[1]

Nr. Namme
1 Turgeau
2 Morne L'Hôpital
3 Martissant

Ierdskodding 2010[bewurkje seksje | edit source]

Op tiisdei 12 jannewaris 2010 (16:53 oere pleatslike tiid) waard Haïty rekke troch in swiere ierdskodding (mei in krêft fan 7,0 op de skaal fan Richter. It episintrum lei op 13 kilometer djipte sa'n 15 kilometer fan it sintrum fan Port-au-Prince, dat slim ferwoastge waard. De skodding waard folge troch ferskate swiere neiskokken. Der binne mear as 100.000 deaden fallen.

Satellytfoto

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) Sections communales et communes d'Haiti par département