Sjippe
Sjippe ûntstiet troch de sjippeferkaasje fan in fet mei leach. Ek is it mooglik sjippe fan in fetsoer mei leach te meitsjen. It produkt wurdt yn kombinaasje mei wetter brûkt om te himmelje as foar de persoanlike hygiëne. Sjippe is der sawol floeiber as yn fêste foarm te krije.
Gewoane sjippe wurdt makke fan kofet, oliifoalje, palmoalje, palmpitoalje of kokosoalje. Foar de djoerdere sjippesoarten wurdt wol brûk makke fan oare eksoatyske oaljes en fetten.
Sjippe hat al in lange skiednis. It earste bewiis fan sjippe is al hast fiiftûzen jier âld en komt fan Babylon. In silinder fan klaai út 2800 foar Kristus sieten rêsten fan sjippe en ek is der in Babyloansk klaaitablet fûn fan 2200 foar Kristus dêr't in sjippeformule op skreaun is. Ek de Alde Egyptenaren en de Romeinen hienen sjippe.