Pnom Pen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pnom Pen
Phnom Penh'
ភ្នំពេញ
Phnom Penh aerial.jpg
Sifers
Ynwennertal 2.234.566 (2011)
Oerflak km²
Befolkingstichtens 3293,6 / km²
Hichte 11,89 m
Polityk
Lân Kambodja
Provinsje Pnom Pen
Oar
Stifting -1372
-haadstêd 1865
Tiidsône Kambodja (UTC+7)
Webside Webside Pnom Pen, ek (in)
Lizzing Pnom Pen yn Kambodja

Pnom Pen is de haadstêd fan Kambodja. De stêd leit yn it súeasten fan it lân op it plak dêr't de rivieren de Mekong en de Tonlé Saprivier yn elkoar oergeane. De rivier de Bassac splitst him dêr fan de Mekong ôf. De metropoal Pnom Pen wenje goed 2 miljoen fan de goed 14 miljoen Kambodjanen.

De namme Pnom Pen[bewurkje seksje | edit source]

Pnom Pen betsjut de 'hichte fan Pen'. Neffens de oerlevering soe in frou mei de namme Pen fjouwer Boedabylden fûn hawwe dy't troch de Mekong oanspield wienen. Pen smiet doe in hichte op dêr't sy de bylden yn in timpeltsje op sette. Dat gebedsplak bestiet noch en hjit Wat Phnom Daun Penh (better bekend as de Wat Phnom of Hichtetimpel).

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Iere skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Pnom-Pen waard foar it earst haadstêd fan Kambodja neidat kening Ponhea Yat fan it Khmer-ryk út Angkor Thom flechte, neidat it troch it keninkryk Ayutthaya yn 1431 oermastere waard. Der binne ek liginden dy't ferhelje hoe't Pnom Pen stifte waard yn de 17e ieu troch Japanske ymmigranten dy't har yn de omkriten festige hienen. Pnom Pen bleau in keninklike stêd fan 1432 oant 1505. Fan 1505 oant 1865 wie it gjin haadstêd. Striid tusken troangadingmakkers wie dêr de oarsaak fan; lettere keningen hienen harren hof yn oare stêden.

Keninklike haadstêd, de pearl fan Aazje[bewurkje seksje | edit source]

It duorre oant 1866, ûnder it bewâld fan kening Norodom I, eardat it regear him foar altyd yn Pnom Pen festigje soe. Earsat doe waard ek it keninklik paleis (foto) boud en letter dêrneist de Sulveren Pagode. Dat wie teffens de oanset ta de groei fan Pnom Pen. De Frânsen leine in protte kanalen oan foar de ôfwettering fan de sompen om de stêd hinne en makken in haven.

Tsjin de jierren 20 fan de 20e ieu stie Pnom-Pen bekend as ien fan de moaiste koloniale stêden yn de wrâld, de Pearel fan Aazje. Mei troch it oanlizzen fan it spoar (nei Sihanoukville) en de lofthaven Pochentong waard de stêd hieltyd grutter.

Oarloch en terreur[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Fietnamkriich waard der ek in soad fjochte yn Kambodja. De Feriene Steaten bombardearren it plattelân, dat in protte minsken flechten nei de stêd.

Yn 1975 berûn de befolking al goed 2.000.000. Op 17 april, it Kambodjaanske nijjier, foel de stêd en waard sy beset troch striders fan de Reade Kmer. De bewenners waarden twong om yn in pear dagen de stêd te ferlitten. Sy waarden nei buorkerijen op it plattelân stjoerd om nije minsken te wurden (hiel Kambodja moast in folslein agraryske ekonomy wurde). De Tuol Svay Prey-hegeskoalle waard troch Pol Pot syn minsken feroare yn in de finzenis Tuol Sleng (S-21), dêr't minsken ek tramtaerre en deadien waarden. Dy finzenis is no it Tuol Sleng Museum en leit mei Choeung Ek, 15 kilometer bûten de stêd, in oantinken oan dejingen dy't fermoarde binne troch de Reade Kmer.

Weropbou[bewurkje seksje | edit source]

Begjin 1979 waarden de Reade Kmer troch de Fietnamezen (de histoaryske fijân fan de Kambodjanen!) út Pnom-Pen ferdreaun. De minsken gienen doe werom nei har huzen yn de stêd. Der begûn in perioade fan opbou dy't stadich úteinsette koe troch de politike ynstabiliteit yn it lân. Om 1998 hinne hie Pnom-Pen in befolking fan 862.000 ynwenners.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Tempels[bewurkje seksje | edit source]

Paviljoen fan Keninklik paleis yn Pnom-Pen

Moskeeën[bewurkje seksje | edit source]

Museums[bewurkje seksje | edit source]

Merken[bewurkje seksje | edit source]

Susterstêden[bewurkje seksje | edit source]