Pol Pot

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Pol Pot, 1978

Pol Pot (Kmer: ប៉ុល ពត) (wiere namme: Saloth Sar; Khett Kampong Thum, 19 maaie 1925Anlong Veng, 15 april 1998) wie in Kambodjaansk maoïstyske revolúsjonêr dy't lieder fan de Reade Khmer wie fan 1963 oant syn dea yn 1998. Fan 1975 oant 1979 wie er de premier fan Demokratysk Kampûtsjeje. Pol Pot waard lieder fan Kambodja op 17 april 1975. Under syn bewâld ûntstie it saneamde agrarysk sosjalisme. Syn systeem twong stedsbewenner om te ferhúzjen nei it plattelân om op kollekive buorkerijen twongen te arbeidzjen. Twangarbeid, te min iten, minne medyske fersoarging en eksekúsjes hiene fan gefolgen dat likernôch 21% fan de Kambodjaanske befolking it libben ferlear. Der wurdt rûsd dat 2 oant 4 miljoen minsken stoarn binne ûnder syn bewâld.

De Fietnameeske ynvaazje fan Kambodja yn 1979 betsjutte de delfal fan Pol. Hy flechte de jungle fan Súdwest-Kambodje yn en mei it Reade Khmerbewâld wie it dien. Fan 1979 oant 1997 hâlden Pot en it oerbliuwend part fan de Reade Khmer ta by de grins mei Tailân, dêr't hja oan de macht fêsthâlden, mei in nominale er kenning fan de Feriene Naasjes as rjochtlike regearing fan Kambodja. Pol Pot stoar 1998 ûnder fertochte omstannigheden wylst er hûsarrest hie fanwege de fraksje fan Ta Mok fan de Reade Khmer.

Oer Pol Pot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]