Pippyn fan Herstal
Ut Wikipedy
Pippyn fan Herstal, ek wol Pippyn II of Pippyn de Jongere (Herstal 635 of 640 - 16 desimber 714) wie in Karolingyske hofmeier. Hy stiet bekend as in krêftige bestjoerder dy't troch tal oermasterings it Frankyske ryk útwreide hat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Pippyn wie de soan fan Ansegisel en Begga, en fia de lêste de pakesizzer fan van Pippyn fan Lannen. As hofmeier fan Austraasje, Neustrië en Boergonje fan 680 oant 714 krige hy hieltyd mear macht yn it Frankyske ryk. De Merovingyske kening Theuderik III hat sels besocht him út syn funksje te ûntslaan, mar waard sels by Tertry in 687 troch Pippyn ferslein dy't doe de feitlike lieder waard oer Austraasje. As krêftige bestjoerder koe Pippyn de oare Frankyske keninkryken yn betwang hâlde.
[bewurkje seksje] Pippyn en de Friezen
Om-ende-by 690 luts Pippyn mei in leger op tsjin de Friezen en fersloech de Fryske kening Redbad by Dorestêd. Nei de oerwinning sleat er mei Redbad in fredesferdrach. It súdlike part fan it Fryske ryk, it gebiet besuden de Alde Ryn, kaam yn Frankyske hannen. It ferdrach waard besegele mei in houlik tusken Theudesinde, de dochter fan Redbad, en Grimoald, in soan fan Pippyn.
[bewurkje seksje] Houlik en bern
Om 670 hinne troude Pippyn mei Plektrudis en troch dit houlik kaam it gebiet om de Moezel hinne yn syn besit. Sy krigen twa soannen dy't beide al dea wienen doe't Pippyn op 16 desimber 714 ferstoar .
Hy hie ek twa soannen by syn maitresse, mar koart foar syn dea hie Plektrudis him oerhelle dy twa út te sluten fan opfolging. Syn pakesizzers wienen dêrtroch legitime opfolgers as hofmeier wurden. Hy waard lykwols dochs opfolge troch Karel Martel, om't Martel de stipe hie fan de bewenners fan Austraasje.
Martel bleau noch hofmeier; dy syn soan Pippyn de Koarte waard yn 751 kening. Karel Martel wurdt wol sjoen as de earste fan de Karolingen, wylst de bern fan Plektrudis as de lêste fan de Pippiniden beskôge wurde.
[bewurkje seksje] Bern
Ut it Houlik mei Plektrude likernôch 670:
By syn maitresse Alpaida:
- Gildebrand (678-753)
- Karel Martel (23 augustus 686 - 22 oktober 741)

