Springe nei ynhâld

Petrustsjerke (Jouswier)

Ut Wikipedy
Petrustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Jouswier
adres Bergsmawei
koördinaten 53° 20'N 6° 04'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 1557
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31575 [1]
Webside
Stifting Alde Fryske Tsjerken
Kaart
Petrustsjerke (Fryslân)
Petrustsjerke

De Petrustsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Jouswier. Tsjintwurdich is it ien fan de tsjerkegebouwen fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

De oarspronklik oan Petrus wijde tsjerke waard yn 1557 boud op de fûneminten fan in âldere tsjerke út de 12e of 13e iuw. By de bou fan de fjouwersidich sletten sealtsjerke waard it ôfbraakmateriaal fan de âlde tsjerke op 'e nij brûkt. De westlike muorre en de toer datearje út 1752. Nei alle gedachten waard doe ek de súdlike tagong fernijd. Yn de 19e iuw binne de spitsbôgeramen ynbrocht en mei de fernijing fan de kap doe ek de muorren ferhege.

Yn it lêste fearn fan de 19e iuw waarden tsjerke en toer wyt bepleistere. Yn 1915 waard de toer opklampe mei nije bakstien. By de restauraasje yn 1975 ûnder lieding fan it arsjitekteburo P.B. Offringa út Grins waard de pleisterlaach wer ferwidere.

Adema-oargel

De op in grutdiels ôfgroeven terp steande tsjerke hat in tradisjonele oriïntaasje, d.w.s. it koer leit op it easten. Op it westen stiet in sealtektoer. De tagong leit yn it westlike diel fan de súdlike muorre, wylst oan de oare kant de konsistoarje yn de foartsjerke tsjin de noardlike muorre in plak krige.

Yn de toer hinget in klok mei in diameter fan 80 sintimeter, dy't yn 1395 troch in Hermanus getten is. De swart farve iken preekstoel mei doophek is 19e iuwsk. Oan de noardlike muorre hingje trije grutte roubuorden fan Willem Bergsma († 1774) en de frou († 1792) en harren dochter († 1781). Op dy roubuorden steane seis en by de frou en dochter trije bargen yn it wapen. De tsjerke wurdt dan ek wol bargetsjerke neamd. De grêfkelder fan de famylje leit yn it middenpaad tsjin it koer oan. Ut de roomske tiid stamme de trije alterstiennen mei wijingskrúskes. Ek út de roomske tiid datearje de piskina yn de súdeastlike muorre en de sakramintsnis yn de noardeastlike muorre.

Op de oargelgalerij, dy't op de foartsjerke leit, stiet in oargel dat oarspronklik foar in partikulier yn Makkum boud waard. It út 1872 stammende ynstrumint waard troch de bruorren Adema út Ljouwert boud en stie tusken 1895 en 1908 yn de grifformearde tsjerke fan Piaam. Bakker & Timmenga ferhûze it oargel yn 1916 nei Jouswier en itselde oargelbedriuw restaurearre it yn 1982.

De tsjerke foar de restauraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: