Peter Vassilev

Ut Wikipedy
Peter Vassilev
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Vassilev
nasjonaliteit Bulgaarsk
berne 26 jannewaris 1943
berteplak Varna
stoarn 18 desimber 2011
stjerplak Frjentsjer
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder

Peter Vassilev (Varna, 26 jannewaris 1943 - Frjentsjer, 18 desimber 2011[1]) wie in keunstner fan Bulgaarsk komôf dy't sûnt 1972 yn Frjentsjer wenne. Hy hie in galery oan de Frjentsjerter Fiverstrjitte.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vassilev wie in ambachtlik skilder fan lânskippen, stedsgesichten, portretten, bisten, blommen en komposysjes. It grutste part fan syn wurk is figuratyf.

Vassilev komt út in muzikale famylje dy't him nei it konservatoarium ta hawwe woe. Mar hy die syn eigen sin en gie nei de keunstakademy yn Sofia. Hy hie op 't lêst lykwols sá syn nocht fan it skilderjen, dat er nei syn eksamen syn skilderspul ferkocht. Mei de band "Louis Duvel Kwintet" bedarre er by tafal yn Nederlân. Nei in baantsje as glêzewasker en etaleur hied er in skoftke in eigen reklamestudio dêr't er promoasjefilmkes makke. Hy gie lykwols troch mei te skilderjen en begûn skilderkursussen te jaan.

Sa'n tritich jier lang joech er lessen yn de Koornbeurs fan Frjentsjer, en syn nije leslokaasje wie yn Tsjom. It wurkjen oan in doek ûnderbriek er sa no en dan troch in stikje op de piano te spyljen. Hy hie gjin foarkar foar materiaal, mar brûkte it materiaal dat it bêst de sochte sfear nei foaren bringt. Dat wie de iene kear oaljeferve op doek, in oare kear in akwarel of tekening.

As dosint tekenjen en skilderjen wie Vassilev as freelanser en artistyk adviseur ferbûn oan de Talens-skoalle yn Heelsum. Sa teste er nije meunsters fan ferveprodukten en tekenpapier. Fierders wied er yllustrator foar de boeken út de The fine Arts-rige (gouachetechniken, pasteltechniken, teken- en akwareltechniken) en Ons Landschap in Beeld. Boppedat wie er meiwurker oan it keunstmagazine "Atelier" en fan Teleac. Alle wiken makke er in cartoon foar de Frjentsjerter Krante. Ek yn de Friesland Post ferskynden cartoons fan syn hân.

Oer syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Boer, Jack de - Peter Vassilev in kleur (2011)
  • DVD / CD-ROM 2500 skilderingen en tekeningen
  • DVD Masterclass mei Peter Vassilev (lânskip yn akwarel)
  • boek Friesland mei pinsiel (akwarellen)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: