Peer Gynt

Ut Wikipedy
Peer Gynt
algemiene gegevens
oarspr. titel Peer Gynt
auteur Henrik Ibsen
taal Noarsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
1e publikaasje 1867, Kopenhagen
1e opfiering 1867, Christiania
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Peer Gynt
publikaasje 1996, De Tynje
útjouwer eigen behear
oersetter Bouke Oldenhof

Peer Gynt, nei it orizjineel mei deselde titel yn it Noarsk, is in út fiif bedriuwen besteand toanielstik yn fersen fan 'e hân fan 'e 'e grutte Noarske toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur Henrik Ibsen (1828-1906). It ferhellet oer it libben fan 'e liddichgonger Peer Gynt, en is loskes basearre op it Noarske mearke Per Gynt. It stik, dat troch de ferneamde Noarske komponist Edvard Grieg op muzyk set waard, waard foar it earst publisearre en opfierd yn 1867, yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. It kaam Ibsen op brede maatskiplike krityk te stean, yn 't bysûnder om't er by it skriuwen derfan de toanielkonvinsjes fan syn tiid oan syn lears lape hie. Peer Gynt wie it lêste toanielstik dat Ibsen yn fersen skreau; neitiid soed er inkeld noch proaza brûke. De earste Fryske oersetting fan Peer Gynt, in bewurking troch Bouke Oldenhof, ferskynde yn 1996.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peer Gynt is in jonge liddichgonger, waans mem, Åse, better fan him hope hie, mar hy hat de knopen fan syn heit oan 't jak en is in dichter en in sweeslagger. Oan it begjin fan it stik hâldt er in wyld ferhaal oer in misbetearde rindierjacht (in ferneamde toanielsêne dy't bekend kommen is te stean as De Bokkerit). Syn mem lêst him it leksum foar syn útwrydske fantasij, en teffens om't er syn kâns bedoarn hat om mei Ingrid te trouwen, de dochter fan 'e rykste boer yn 'e omkriten, dy't krekt dy deis mei in oar houlikje sil. Dêrop set Peer ôf nei Ingrid har trouwerij om te sjen oft er dochs noch net in kânske by har hat. De oare brulloftsgasten hawwe de gek mei him, allegear útsein in gesin dat krekt yn 'e krite kommen is te wenjen. Peer syn each falt op 'e âldste dochter út dat gesin, Solveig, en hy freget har om mei him te dûnsjen, mar se stegeret him ôf om't har heit soks net goedfine soe. Dêrop set Peer him oan it bier, mar as er heart dat de breid har yn har keamer opsletten hat, sjocht er syn kâns skoan; hy naait er mei Ingrid út, en se bringe tegearre de nacht troch yn 'e bergen.

Neitiid wurdt Peer út 'e krite ferballe om't er Ingrid ûntfierd hawwe soe. Wylst er troch it berchlân swalket, treft er dêr trije molkensfammen dy't wachtsje om troch trollen it hof makke te wurden (in motyf út Noarske folksferhalen). Peer rekket dronken en bringt de nacht mei harren troch, mar de oare deis hat er in kater fan komsa. Hy stompt de holle oan in rots en falt derhinne (en de rest fan it twadde bedriuw fynt foar 't neist inkeld yn syn dreamen plak). Hy komt in frou yn 't grien tsjin, dy't úthâldt de dochter fan 'e trollekening te wêzen, en him meinimt nei har heite sealen. Dêr docht bliken dat it fanke swier is, mar Peer beswart har heit by heech en by leech dat er har net oanrekke hat. De wize trollekening fertsjutsket him lykwols dat er yn gedachten it bern by har oanset hat. De trollen hawwe as motto "Wês dysels trou en de rest mei hinnebrûze," en Peer beslút dat ek ta syn eigen biedwurd te meitsjen. Yn 'e sealen fan 'e trollekening komt Peer ek yn 'e kunde mei de Bøyg, in wêzen dat net fierder omskreaun wurdt, mar waans motto is: "Wyk út," en ek dat nimt Peer him nei. De rest fan syn libben sil er hieltyd wer útwike ynstee fan himsels of de wierheid ûnder eagen te sjen.

As fûgelfaaie hat Peer it dreech om in eigen hûs yn 'e bergen te bouwen. Dan komt op in dei Solveig opdaagjen, dy't fan hûs fuortrûn is om har by him te jaan. Hja hat har kar makke, seit se, en kin net mear werom. Peer is dêr tige bliid mei, mar fuort dêrnei ferskynt der in âldwyfke yn griene klean mei in jonkje by har dat oer de side giet. It docht bliken dat dat de dochter fan 'e trollekening en har heal-minsklike soan binne. Hja ferflokt Peer, sadat him altiten as er Solveig sjocht al syn sûnden yn 't sin komme. Hy heart in spûkige stim sizzen: "Wyk út, Peer," dat hy seit tsjin Solveig dat er wat ophelje moat, besiket syn mem krekt op 'e tiid om by har ferstjerren oanwêzich te wêzen, en jout him dan ôf oersee.

Henrik Klausen as Peer Gynt, yn 1876.

Lange jierren bliuwt Peer om utens. Hy libbet û.o. in hoart yn Marokko, dêr't er hannel driuwt yn waren en slaven, mar úteinlik troch syn selskipslju bestellen en beroaid efterlitten wurdt op 'e woastynkust. Dêr fynt er stellene bedoeïneklean, en as er dy oandocht, wurdt er troch in pleatslike Arabyske stamme oansjoen foar in profeet. Hy besiket en ferlied Anitra, de dochter fan 'e haadman, mar hja bestelt him ynstee. Dêrop reizget Peer as histoarikus nei Egypte ta, dêr't er de Sfinks tasprekt yn 'e oertsjûging dat it de Bøyg is. Sa moetet er de bewekker fan it pleatslike gekkehûs, dy't sels ek net rjocht goed by de holle is. Peer beseft dat de pasjinten dêre folslein yn har eigen wrâlden libje en sa it motto "Wês dysels trou en de rest mei hinnebrûze" oant it uterste trochfierd hawwe.

As Peer oan 'e ein fan syn lange libben úteinlik as in begrutlik en beroaid âldman yn Noarwegen weromkeard, liket er sels langer ek net mear alhiel richtich te wêzen. Hy kriget nuvere fizioenen, fan 'e Knopemakker, dy't úthâldt dat syn siel mei alle oare breklike dingen omsmolten wurde moat as er net oanjaan kin wannear yn syn libben oft er "himsels" west hat. Peer antwurdet dat er nea wat oars west hat, en wit te ûntkommen. Hy besiket in begraffenis en buolguod, dêr't er alles út syn eardere libben by opbod besiket te ferkeapjen: syn fersake dieden, syn ûnsongen sangen, syn ûnferrjochte wurken, syn net gûlde triennen en alle fragen dy't er foar him holden hat. De trollekening ferskynt wer, dy't seit dat Peer it grutste part fan syn libben in trol west hat ynstee fan in minske. Peer siket in preester op om te bycht te gean, mar dy preester, dy't de Meagere neamd wurdt (de duvel, dus) mient dat er gjin wiere sûnder is dy't yn 'e hel thúsheart, mei't er nea in slimmen sûnde begien hat. Krekt as Peer syn rie te'n ein is, heart er Solveig sjongen, mar hy doar net nei har ta. De Bøyg wol dat er útwykt, en de Knopemakker easket in list mei syn sûnden op, mar dy hat er net, of it moat wêze dat Solveig se opneame kin. Einlings set er dan op har ta, mar as er har nei syn sûnden freget, ûntstriidt se dat er ea sûndige hat. Peer begrypt it net, en mient dat er no alhiel paadbjuster is, mar Solveig hâldt út dat er nea wei west hat, mei't er al dy jierren yn har fertrouwen, har hope en har leafde libbe hat. As er dy wurden heart, skreaut Peer it út, en, syn mem oproppend, ferskûlet er syn gesicht yn har skurte. Dêrop sjongt Solveig in sliepsankje, en nei't men oannimme mei, is dat it momint dat Peer Gynt ferstjert, al binne der toanieloanwizings noch dialooch dy't bewize dat dat sa is. It stik einiget as de Knopemakker, dy't wierskynlik in ingel fan God is, en dy't fan om it hoekje tasjocht, de wurden sprekt: "Peer, wy sille inoar by de lêste trijesprong treffe, en dan sille wy sjen oft... Mear sil ik net sizze."

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peer Gynt is twaris yn it Frysk oerset. De earste fertaling wie fan 'e hân fan Bouke Oldenhof, yn 'e foarm fan in yn eigen behear útjûne bewurking út 1996 ûnder de titel Peer. Dizze bewurking waard spesjaal makke foar de foarstelling troch de Jeugdteäterskoalle, ûnder rezjy fan Hilde Mulder (seizoen 1996-1997), mei teksten yn it Nederlânsk en Frysk. De twadde oersetting, besteande út 68 siden, waard yn 2012 ûnder de oarspronklike titel makke troch Tineke Hoekstra en foar it Iepenloftspul Burgum bewurke troch Miranda Bolhuis.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ibsen, Henrik, Peer (oers. & bew. Bouke Oldenhof), De Tynje, 1996 (eigen behear), sûnder ISBN; bewurking foar de Jeugdteäterskoalle; Tresoar oanfraachnû. 11343 fr folio.
  • Ibsen, Henrik, Peer Gynt (oers. Tineke Hoekstra; bew. Miranda Bolhuis), Burgum, 2012 (Iepenloftspul Burgum), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.