Pecos (rivier)

Ut Wikipedy
Pecos
De Pecos yn Teksas.
De Pecos yn Teksas.
geografy
lân Feriene Steaten
steat Nij-Meksiko
Teksas
ûntspringt yn de Pecos Falls
lokaasje boarne 47 km benoarden Pecos
35°38′34″N 105°33′29″W
mûnet út yn de Rio Grande
lokaasje mûning 60 km n.w. fan Del Rio
29°41′59″N 101°22′17″W
plakken Pecos (NM), Santa Rosa,
Fort Sumner, Dexter,
Carlsbad, Mentone,
Pecos (TX)
sydstreamen Agua Negra, Hondo, Felix,
Peñasco, Swarte Rivier
sifers
lingte 1.490 km
hichte boarne 3.584 m
hichte mûning 340 m
ferfal 3.244 m
ôfwetteringsgeb. 115.000 km²
ôffier (mûning) trochinoar 7,5 m³/s

De Pecos (útspr.: [ˈpeːkoʊs], likernôch: "pee-koos"; Ingelsk: Pecos River; Spaansk: Río Pecos; Meskalearo-Tsirikahûa: Natagés) is in 1.490 km lange rivier yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten, dy't troch de steaten Nij-Meksiko en Teksas streamt. It is in sydrivier fan 'e Rio Grande mei in ôfwetteringsgebiet dat 115.000 km² beslacht. Histoarysk wie de Pecos yn 'e njoggentjinde iuw desennia lang de skiedsline tusken de "beskaving" fan it kolonisearre diel fan Teksas en de wetteleaze woastenij fan it Wylde Westen.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As toponym komt "Pecos" út 'e Kearesan-taal fan 'e Yndiaanske bewenners fan 'e Pecos Pueblo, dêr't de oarspronklike foarm fan it wurd P'æyok'ona wie.

De Pecos en syn ôfwetteringsgebiet.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pecos ûntspringt by de wetterfal Pecos Falls, op 'e eastlike skeanten fan it Sangre de Christoberchtme yn Mora County yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. De boarne leit op in hichte fan 3.584 m boppe seenivo. Dêrwei streamt de rivier oer in lingte fan 1.490 km, oer it algemien yn 'e rjochting fan it súdsúdeasten.

Ut syn boarne wei streamt de Pecos earst in stikje rjocht nei it suden ta. It earste gruttere plak dat de rivier passearret is it dernei ferneamde Pecos (Nij-Meksiko), op 47 km fan 'e boarne ôf. Dêrnei folget in bûging nei it súdeasten, wêrby't de rivier de Santa Rosamar en it plak Santa Rosa foarby streamt. Fuort nei Santa Rosa jout de earste gruttere sydrivier, de Agua Negra, him by de Pecos. Fia de Sumnermar komt de rivier by Fort Sumner lâns, wêrnei't in knik nei it suden folget.

In hiel ein fierder komt ter hichte fan Roswell de Hondo yn 'e Pecos út. Koart dêrnei dogge de Felix en de Peñasco itselde. Yn dy krite foarmet de Pecos de noardwestlike ôffreding fan it Guadalupeberchtme. De rivier streamt by Dexter en Carlsbad lâns, wêrnei't er wer nei it súdeasten ta bûcht en Nij-Meksiko ferlit om Teksas binnen te streamen. Yn Teksas foarmet de Pecos de eastgrins fan 'e Transpecos, in regio binnen it gruttere West-Teksas. Dêr is de Swarte Rivier de iennichste sydrivier fan namme en binne Mentone en Pecos (Teksas) de iennichste gruttere plakken dy't oan 'e iggen lizze.

Yn 'e Seminole Canyon yn Val Verde County, 60 km noardwestlik fan 'e stêd Del Rio, mûnet de Pecos út yn 'e Rio Grande, de grinsrivier tusken de Feriene Steaten en Meksiko. De mûning leit op in hichte fan 340 m boppe seenivo. Yn totaal beslacht it ôfwetteringsgebiet fan 'e Pecos in oerflak fan 115.000 km², foar it meastepart woastyn. De ôffier fan 'e Pecos is bedraacht trochinoar 7,5 /s, mei in maksimum fan 4.330 m³/s en in minimum fan 1,2 m³/s.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Prekolumbiaanske Tiid foarme de Pecos de eastlike grins fan it wengebiet fan 'e Faraon-Apachen, dy't nei alle gedachten nau besibbe wiene oan 'e hjoeddeistige Meskalearo-Apachen as se dêr al gjin subgroep fan wiene. Letter spile de rivier in wichtige rol by de ekspedysjes dy't Spaanske ûntdekkingsreizgers troch it gebiet makken.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, de tiid fan it Wylde Westen, wie de oantsjutting West of the Pecos ("Bewesten de Pecos") in suver sprekwurdlike ferwizing nei de woaste desolaasje fan it Wylde Westen. Sa waard fan 'e ferneamde Teksaanske rjochter Roy Bean sein dat er "de Iennichste [fertsjintwurdiger fan 'e] Wet bewesten de Pecos" wie. Dy fraze waard yn 'e tweintichste iuw popularisearre troch de westernsearje Judge Roy Bean (1956-1956). Om deselde reden is de namme fan in mytyske cowboy ek "Pecos Bill".

De Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Teksas tsierden oer de wetterrjochten op 'e Pecos oant it federale Amerikaanske regear dêr yn 1949 it near op lei mei it Pecos River Compact. Yn 2003 waard dat ferdrach by de tiid brocht doe't de Pecos River Settlement Agreement tusken de beide steaten sletten waard. Yn 1990 waard troch de Amerikaanske oerheid 33 km fan 'e Pecos, fan 'e boarne oant it doarp Terrrero, oanwiisd as in beskerme natoergebiet mei de status fan nasjonale wylde en skildereftige rivier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.