Palladianisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Paleis ûntwurpen troch Palladio
Inigo Jones wie de ûntwerper fan Queen's House, Greenwich, it earste Ingelske Palladianistyske bouwurk.
I Wite Hûs, troch arsjitekt James Hoban

It palladianisme is yn styl út de Europeeske arsjitektuer, skaaimerke troch ienfâld en harmoany.

De styl is ôflaat fan de Italjaanske arsjitekt Andrea Palladio (1508–1580) dy't arbeide yn Feneetsje. De styl is it resultaat fan in evolúsje dy't útein sette yn de 17e ieu en dy't oanhâlde oant de ein fan de 18e ieu.

It wurk fan Palladio gie werom op de boukeunst fan de âldheid, dat it waard in tsjinhinger fan de barok. It is in diel fan it klassisisme

De styl waard tapast yn de Noardlike Nederlannen, yn Noard-Dútslân en yn Frankryk (yn it regear fan Loadewyk XIV en Loadewyk XV). Yn Ingelân briek it palladianisme troch mei Inigo Jones. Ferskate bûtenpleatsen waarden neffens dy styl delsetten, bygelyks Chiswick House fan William Kent. Christopher Wren had ferskate tsjerken yn Londen yn de styl boud. De styl fûn ek yngong yn de Feriene Steaten en waard dêr populêr, benammen yn de gebouwen fan arsjitekt Thomas Jefferson.

In protte oerheids- en mienskipsgebouwen binne yn dy styl set.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]