Okke Hel (sêge)

Ut Wikipedy

Okke Hel is de haadpersoan fan in Fryske sêge, dy't him ôfspile op de Waadsee.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Okke wie in skipper út Harns dy't geregeldwei útfear nei Skylge. Op in dei siet er op fracht nei Skylge te wachtsjen en om de tiid troch de bringen makke er in praatsje yn it kafee. Yn it kafee siet in nuvere man dy't tsjin him begûn te praten. Al gau kaam it praat op roeien, want dat wie Okke syn grutte pasje. De frjemdling bearde dat hy ûnferslaanber wie en ferwachte dat Okke him útdaagje soe foar in wedstryd. Okke hoegde dêr net lang oer nei te tinken en de wedstryd wie in feit.

By it ferlitten fan it kafee liet Okke de frjemdling foargean en seach sadwaande dat dy in bokkepoat hie. It wie de duvel. Okke skrok en prakkesearre hoe't er hjirmei oan moast. Wylst pochte de duvel fierder oer hoe geweldich at er wol net wie en dat Okke dochs gjin kâns hie. Hjir griep Okke yn: dat se fan Harns nei Skylge roeie soenen en hy stelde út dat er in healoere foarsprong krije soe. De duvel betocht him in amerij mar gie akkoart.

Doe't Okke ôfsette, gie er yn in rjochte streek nei Skylge ta. In healoere letter gie de duvel efter him oan, ek yn in rjochte baan. Wat de duvel lykwols fergetten hie, mar Okke net, wie dat it tij ôfgeand wie. Okke koe noch krekt oer de sânbanken komme, mar de duvel kaam fêst te sitten. Sa kaam it dat Okke de duvel fersloech, en dat er de bynamme krige fan Okke Hel.

Okke-Hel yn it eardere Wûnseradiel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de doarpen Penjum, Wytmarsum en Wûns leit in leech lizzend stik lân mei de namme Okke-Hel. Ek de fiadukt, dêr't de Noarderleane tusken Wûns en Penjum oer de A7 oerhinne rint, hat de namme Okkehel. Eartiids wie dêr in kolk dat ferneamd is nei de seeman Okke. De kolk wie tagonklik fan út see en tsjinne as haven fan Penjum. Neffens de oerlevering wie Okke in rûge seeman, in heiden, dy't flokte en God lastere en dy't dêrfoar as straf mei syn skip troch de tonger djip yn de kolk weislein waard, sadat hy troch de hellepoarte fuortendaliks ter helle fear.

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Harns is de sloeproeiferiening Okke Hel nei him neamd. Ek wie der in Frysktalige popgroep mei de namme Okke Hel. Ek waard der in liet skreaun oer Okke Hel wat te finen is op de cd 'Fryslân's soan' út 1987 fan de Fryske folkband Wim Beckers Groep.