Oerstreamdelling

Ut Wikipedy
Untstean fan in oerstreamdelling

In oerstreamdelling (Dútsk: Urstromtal) is in brede delling, dy't yn in iistiid foarme is oan de foet fan in aktyf, mar lange tiid op itselde plak lizzend, iisfront. In oerstreamdelling ûntstiet meidat ôfrinnend raanwetter fan it lâniis him fermingt mei wetter fan rivieren en in útwei siket lâns de foet fan de iismassa.

By de fergletsjering ûnder het Saaliën binne yn Nederlân ek in stikmannich oerstreamdellingen foarme. Bekend is de oerstreamdelling fan de Oeriselske Fecht, dy't foarme is yn it saneamde Drinte-stadium yn it Saalien. De grins fan it lâniis yn it noarden fan Nederlân lei doe op de line Teksel - Wieringen - Gaasterlân - Urk - Stienwyk - Súdwâlde - Emmen. It raanwetter fan de iiskap socht mei rivierwetter út it suden in útwei nei it westen. De oerstreamdelling fan de Fecht wie in stik grutter as de hjoeddeiske Fechtdelling. Yn it noarden fan de oerstreamdelling streamt no it rivierke de Reest, yn it suden de hjoeddeiske rivier de Fecht. De delling rûn ek fier nei it westen ta. Sa binne der spoaren fûn tichteby it Swifterbant fan no yn East Flevolân.
In oar bekende oerstreamdelling is dy fan de Hunze yn Drinte, dy't foarme waard doe't it lâniis him fierder weromlutsen hie ta in iisfront yn East-Grinslân