Oeral Thús (skûtsje)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Jouwer
Skûtsje de Jouwer 2010 59.jpg
Seilteken fan Oeral Thús
Seilteken
Eigener Stichting Skûtsje Haskerlân
Plak De Jouwer
Werf Van der Werff, Bûtenstfallaat, Drachten
Boujier 1923
Kleur brún
Lingte 19.30
Breedte 3.95
Holte 1.15
Djipgong 0.38
Skipper Dirk Jan Reijenga
Tonnaazje 50


Oeral Thús is in skûtsje dat foar De Jouwer meidocht oan it SKS-skûtsjesilen. It skûtsje waard yn 1923 boud op de werf fan Van der Werff yn Bûtenstfallaat by Drachten, “op de keap”, sa't dat destiids neamd waard as in skip boud waard en der noch gjin keaper foar wie. Earste eigener wie Anne Groenveld fan Drylts dy't it destiids kocht doe't it heal ôfboud wie. Der waard yn it earstoan in soad mei turf fard, dy't ûnder oare út Valthermond en Emmercompascuum helle waard. De reis nei Drylts duorre ûngefear 14 dagen. Yn Drylts waard de turf oerladen yn in pream wêrnei't de turf ferkocht waard oan ynwenners fan Drylts. Letter waard ek noch mei terpmodder, grind en koalen fard. Nei it ferstjerren fan Anne Groenveld kaam soan Meinte oan it helmhout. De frachtfeart waard nei de oarloch hurd minder, al wurdt yn 1953 yn it frachtboekje noch in fracht koalen neamd.

Neidat it skip jierren as wenboat fan Meint oan de kaai yn Drylts lein hat, waard it skip yn 1976 ferkocht oan Kees Koehoorn, dy't der mei sile woe yn de SKS. De SKS hie lykwols yn 1970 in skûtsjestop ynsteld, sadat de Oeral Thús foar de wâl lizzen bleau. Yn 1984 wurdt it schip trochferkocht oan Gerrit Roosjen út Frjenstjer dy't it fartúch yngreven restaurearret. Yn 1985 sylde it mei yn de B-klasse fan de IFKS mei as skipper Hidzer Meeter, dy't daliks kampioen wurdt. Yn it neijier fan 1985 slaat it skip by in wedstriid yn it ramt fan Sail 1985 om op de Iselmar en sinkt.

Yn 1986 en 1987 is Andre Hoek skipper op de Oeral Thús en hy wurdt der kampioen mei yn de A-klasse. Ein 1987 keapet de Stichting Skûtsje Haskerlân it skip en fan 1988 oant 2000 docht Anne Tjerkstra binnen de SKS mei in de boppeste helte.

Skippers [bewurkje seksje]

  • 1973 - Hielke Baukes de Vries
  • 1976 - Sipke Tjerkstra
  • 1979 - Piet de Vreeze
  • 1984 - Anne Tjerkstra
  • 2000 - Pieter Syperda
  • 2003 - Allard Syperda
  • 2007 - Tjitze Grondsma
  • 2007 - Dirk-Jan Reijenga

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: