Oak Grove (Louisiana)

Ut Wikipedy
Lizzing fan Oak grove yn Louisiana
Haadstrjitte yn Oak Grove

Oak Grove is in plak (town) yn de Amerikaanske steat Louisiana, dat bestjoerlik ûnder West Carroll Parish falt.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de folkstelling yn 2000 waard it tal ynwenners fêststeld op 2174. Yn 2006 waard it ynwennertal troch it United States Census Bureau rûsd op 2020, in ferleging fan 7.1%.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it United States Census Bureau beslacht it plak 4,5 km², 4,4 km² lân en 0,1 km² oerflaktewetter. Oak Grove leit op sa'n 38 m boppe seenivo.

Festivals[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It The North Louisiana Gospel Weekend wurdt eltse maart yn Oak Grove holden yn it Thomas Jason Lingo Community Center. In Bluegrassfestival wurdt yn april en oktober organisearre.

De Jessie James Trade Days binne alle jierren yn septimber.

April 2011 sette The West Carroll Chamber útein mei in nij feest, The North Louisiana Sweet Potato Festival, ierdappels binne nammentlik it foarneamste lânbouprodukt fan de omkriten.

Berne yn Oak Grove[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]