Somperock

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Swamp Rock (Somperock) of Swamp Music tsjut op in rjochting yn de rock, dy't út de súdlike steaten fan de Feriene Steaten komt - benammen út de sompige kontreien fan Louisiana. Yn dy muzyk wurde eleminten út de Country, Blues, Folk en Kajunmuzyk feriene. De muzyk kin ta de kategory 'Amerikaanske folk' rekkene wurde.

Fanwege de komôf fan dizze muzyk is der faak Kajun-Frânsk yn de teksten ferwurke, in taal dy't yn boppe neamde kontreiën fan Louisiana sprutsen wurdt. Der wurdt ek wol fan Roots Rock sprutsen at artysten net út Louisiana komme.

Dêr't in band as Creedence Clearwater Revival mei John Fogerty typyske rockynstruminten brûkte, makke bygelyks de Chenier-famylje de akkordeon ta haadynstrumint yn it sjenre. In oare ferneamde fertsjintwurdiger fan somperock is Tony Joe White.

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

Swamppop-muzikant Jivin' Gene, ± 1959
nûmers
albums
  • Johnnie Allan, Promised Land, Ace 380, 1992 .
  • Johnnie Allan, Swamp Pop Legend: Johnnie Allan – The Essential Collection, Jin 9044, 1995.
  • Rod Bernard, Swamp Pop Legend: Rod Bernard – The Essential Collection, Jin 9056, 1998.
  • The Boogie Kings, Swamp Boogie Blues, Jin 9045, 1995.
  • Van Broussard, The Early Years, CSP 1007, 1993.
  • Cookie & The Cupcakes, By Request, Jin 9037, 1993.
  • Charles Mann, Swamp Pop Legend: Charles Mann – The Essential Collection, Jin 9060, 1998.
  • Randy & The Rockets, A Blast From the Past – The Essential Collection, Jin 9059, 1998.
  • Warren Storm, Night After Night, Jin 9039, 1995.
  • Clint West, Swamp Pop Legend: Clint West – The Essential Collection, Jin 9055, 1997.