Natalja Gontsjarova

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Natalja Sergejewna Gontsjarowa, 1910
Fytser

Natalja Sergejevna Gontsjarova (Russysk: Наталья Сергеевна Гончарова), (Nagajevo, 4 juny 1881 - Parys, 17 oktober 1962) wie in Russysk keunstskilder en kostúmûntwerper, dy't ta de avant-gardistyske streaming fan it Russysk futurisme hearde. Binnen dy streaming wie hja in wichtige oanhinger fan de Kubo-Futuristyske styl fan Kazimir Malevitsj.

Gontsjarova waard ferneamd nei har âlde-muoike Natalja Gontsjarova, de frou fan Aleksander Poesjkin, en waard berne yn it doarp Nagajevo ûnder de stêd Toela. Fan 1898 ôf studearre se byldhoukeunst oan de Moskouske skoalle foar skilderkeunst, byldhoukeunst en arsjitektuer, dêr't hja ek har oansteande man Michail Larionov moete. Nei 1904 lei hja har ta op skilderjen. Gontsjarova helle har ynspiraasje út de Russyske folkskeunst en brocht dêr eleminten fan it fauvisme en kubisme yn. Mei Larionov ûntwikkede se de styl rayonisme, en stifte hja yn 1910 de keunstenersgroep Ruitenboer.

Fan de oprjochting fan Der Blaue Reiter yn 1911 ôf, wie hja lid fan dizze groep en die hja mei oan útstallings fan dizze groep. Under de Russyske Revolúsje emigrearren Gontsjarova en Larionov nei Parys; dêr makke sy ferskate kostúms en dekôrs foar Les Ballets Russes fan Sergej Diaghilev.

Gontsjarova en Larionov trouden yn 1955.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]