Mosk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mosk
HouseSparrow23.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Mosken (Passeridae)
soarte
Passer domesticus
Passer domesticus domesticus

De Mosk (Passer domesticus) is in lytse sjongfûgel dy't benammen fan sied en ynsekten libbet. Tegearre mei sa'n tweintich oare moskesoarten sa as de Fjildmosk foarmet er it geslacht Passer.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

Mosken wurde faak trochinoar helle mei fjildmosken. It mantsje fan de Mosk hat lykwols in griis krún wylst de Fjildmosk in brún krún hat. It wyfke fan de Mosk is wat ientoaniger fan kleur, nammentlik brún.

De 14-16 cn grutte Mosk komt oeral foar dêr't minsken har te wenjen set ha. Jo fine dizze fûgel foaral yn doarpen en stêden, minder yn de bosken. De mosken binne siediters mar se meie ek graach ite wat de minsken falle litte. De jongen wurde fuorre mei ynsekten.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

fersprieding, yn ljochtgrien it gebied wêr't de mosk troch yntroduksje troch de minsk foarkomt

It oarspronkelike ferspriedingsgebiet fan de Mosk leit yn Jeropa en Aazje. Sûnt it midden fan de 19e ieu hat de mosk op tal fan oare kontinenten syn plak fûn en is dêrtroch ien fan de fûgels mei it grutste ferspriedingsgebiet.

Nêstplakken[bewurkje seksje | edit source]

De mosken bouwe rommelige nêsten meast fan gersstâlen ûnder dakpannen, dakspanten en yn hoalen yn muorren. Se kinne yn in jier tiid twa oant trije nêstjes jongen grutbringe. De aaien wurde troch beide âlden yn sa'n 10 oant 15 dagen útbret. Dêrnei duorret it meast sa'n 14 oant 16 dagen foardat de jongen útfleane.

Tebekrin yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de 70-er jierren fan de 20e ieu is it tal mosken yn Nederlân hurd tebek rûn: fan nei skatting 1 á 2 miljoen yn de 70-er jierren oant sa'n 0,5 á 1 miljoen eksimplaren no.

As oarsaken binne ûnder oaren it lytser tal geskikte nêstgelegenheden troch oare en hechtere dakbedekking, it brûken fan bestridingsmiddels wêrtroch it tal ynsekten ôfnaam is, en it effisjinter brûken fan kealsleine grûn wêrtroch it tal foeraazjeplakken ôfnommen is oan te wizen.

De fûgelbeskerming hat in aksje op tou set om it tebekgong fan de mosk tsjin te gean. Er moat mear grien yn de stêden en doarpen komme. Ek moatte der mear nêsthokken pleatst wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]