Fjildmosk

Ut Wikipedy
fjildmosk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje moskfûgels (Passeridae)
skaai mosken (Passer)
soarte
Passer montanus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De fjildmosk (Passer montanus) is in lytse sjongfûgel út de famylje fan de moskfûgels.

Oars as by de húsmosk binne by de fjildmosk it mantsje en wyfke gelyk fan kleur. Se binne goed wer te kennen oan de brune krún en de swarte earplak.

De 14 sm grutte fûgel bliuwt mear op it plattelân en lúkt net sa bot nei de stêd as de húsmosk. De fjildmosk set him meast twa kear ta brieden yn in nestholte. Hy leit 5-6 aaien dy nei twa wike útkomme. De jongen bliuwe ek noch twa wiken yn it nest. De nestholte wurdt it hiele jier brûkt om te sliepen.

De oantallen briedpearen yn Nederlnân en Fryslân rinne al jiere tebek, en dêrom stiet de fjildmosk op de Nederlânske Reade list fan fûgels. Yn 2013-2015 wiene dêr noch sa'n 40.00-60.00 briedpearen en sa'n 200.000 wintergasten yn Nederlân. De heechste konsentraasje is te fine yn East-Grinslân, Drinte en Oerisel. Yn Fryslân sille dêr inkelde tûsenen fjildmoskpearen briede.

Aaien fan 'e fjildmosk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]