Mienskipsskoalle De Legeaën

Ut Wikipedy
Mienskipsskoalle De Legeaën
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. skoalle
wurkmêd basisûnderwiis
fêstige yn Sibrandabuorren (Fryslân)
oprjochte 2018
offisjele webside
delegeaen.nl

Mienskipsskoalle De Legeaën is in basisskoalle yn it doarp Sibrandabuorren. De skoalle ûntstie per 1 augustus 2018 troch in fúzje fan trije eardere basisskoallen: Kristlike Basisskoalle De Reinbôge yn Tersoal, Kristlike Basisskoalle De Twatine yn Gau en Iepenbiere Basisskoalle De Lege Geaën yn Sibrandabuorren. Alle trije doarpsskoallen wiene mei 35, resp. 55 en 35 learlingen nammentlik te lyts wurden om selsstannich fuort te bestean.

Hoewol't De Reinbôge en De Twatine fan protestantsk-kristlike synjatuer wiene en oansletten wiene by it Protestantsk Kristlik Basisûnderwiis Ljouwert (PCBO Ljouwert), resp. de Stichting Palludara yn Snits, en wylst De Lege Geaën in iepenbiere daltonskoalle wie dy't ûnderbrocht wie by de koepelorganisaasje Odysseeskoallen, waard troch de respektivelike bestjoeren dochs besletten ta in fúzje. Mienskipsskoalle De Legeaën waard in 'bysûndere neutrale skoalle', dêr't 'modern ûnderwiis' jûn waard. In 'identiteitskommisje' bûgde him oer de fraach hoe't it kristlike en sekuliere aspekt fan 'e nije skoalle krekt ynfolle wurde moasten.

Mienskipsskoalle De Legeaën krige in nije gebou, dat ferriisde op it terrein by Sporthal It Mingeltsje yn Sibrandabuorren. Mei de bou fan in nije skoalgebou waard op 21 juny 2018 úteinset en yn 't foar rûsde men dat it likernôch oardel jier duorje soe. Sa lang bleaune de âlde skoalgebouwen yn Sibrandabuorren en Gau iepen. De skoalle yn Tersoal gie oan 'e ein fan it skoaljier 2017-2018 al ticht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vogelzang, Elizabeth, De Legeaën Mixt Drie Schoolsmaken tot Frisse Cocktail, yn: de Ljouwerter Krante, 22 juny 2018, s. 20.