Meindert Hobbema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Het Laantje van Middelharnis. 1689. Londen, National Gallery.

Meindert Lubbertssoan Hobbema (doopt Amsterdam, 31 oktober 1638- Amsterdam, 7 desimber 1709) wie in Nederlânske skilder fan lânskippen. Faaks wie er nei Ruisdael de bêste yn dat sjenre.

Meindert Hobbema kaam mei 17 jier as learjonge by Jacob van Ruisdael om te boadskipjen, ferve te meitsjen en it atelier netsjes te hâlden. Yn 1668 troude er mei Eeltije Vinck fan Gorcum (†1704), de húshâldster fan de Amsterdamske boargemaster Lambert Reynst. Doe't dy him wurk as pegelder besoarge, hâlde er hast fuortendaliks op mei skilderjen. Hobbema wenne op de Roazegreft foar Rembrandt oer. It pear krige fiif bern, twa stoaren al jong.

Hobbema heart by de keunstners dy't net troch Rembrandt beynfloede binne. De behangskilder Egbert van Drielst en de Ingelske lânskipsskilder Thomas Gainsborough binne troch Hobbema beynfloede. Syn wurk is net heroysk of teatraal, net iensum of somber. Syn bekendste wurk is Het Laantje van Middelharnis (1689), dat yn 1822 ferkocht waard troch de gemeente Middelharnis en dat op it heden in part fan de kolleksje is fan de National Gallery yn Londen.

Hobbema's bêste wurk[bewurkje seksje | edit source]

It bêste fan Hobbema's datearre wurk hat er makke yn de jierren 1663 oant 1667. Ut dy tiid is it wurk yn de kolleksjes fan museums yn Brussel en St Petersburch. Ta it bêste hearre ek grif De lytse loane fan Middelharnis (wierskynlik 1689) en De ruines fan kastiel Brederode.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Meindert Hobbema en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.