Meindert Hobbema
Meindert Lubbertssoan Hobbema (doopt Amsterdam, 31 oktober 1638 - Amsterdam, 7 desimber 1709) wie in Nederlânske skilder fan lânskippen. Faaks wie er nei Ruisdael de bêste yn dat sjenre.
Meindert Hobbema kaam mei 17 jier as learjonge by Jacob van Ruisdael om te boadskipjen, ferve te meitsjen en it atelier netsjes te hâlden. Yn 1668 troude er mei Eeltije Vinck fan Gorcum (†1704), de húshâldster fan de Amsterdamske boargemaster Lambert Reynst. Doe't dy him wurk as pegelder besoarge, hâlde er hast fuortendaliks op mei skilderjen. Hobbema wenne op de Roazegreft foar Rembrandt oer. It pear krige fiif bern, twa stoaren al jong.
Hobbema heart by de keunstners dy't net troch Rembrandt beynfloede binne. De behangskilder Egbert van Drielst en de Ingelske lânskipsskilder Thomas Gainsborough binne troch Hobbema beynfloede. Syn wurk is net heroysk of teatraal, net iensum of somber. Syn bekendste wurk is Het Laantje van Middelharnis (1689), dat yn 1822 ferkocht waard troch de gemeente Middelharnis en dat op it heden in part fan de kolleksje is fan de National Gallery yn Londen.
Hobbema's bêste wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bêste fan Hobbema's datearre wurk hat er makke yn de jierren 1663 oant 1667. Ut dy tiid is it wurk yn de kolleksjes fan museums yn Brussel en Sint-Petersburch. Ta it bêste hearre ek grif De lytse loane fan Middelharnis (wierskynlik 1689) en De ruines fan kastiel Brederode.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Lânskip
Alte Pinakothek
München -
Wettermûne
Ryksmuseum Amsterdam -
Wynmûne oan in streamke
Bredius Museum
Den Haach -
De reizgers
National Gallery of Art Washington D.C. -
Lânskip mei hichten mei reizgers en dyk
Priveesamling -
Doarp mei wettermûne
National Gallery London -
Buorkerijen mei in wei troch de bosk
Priveesamling
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It plak Hobbema, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, wie nei Meindert Hobbema ferneamd, mar yn 2014 krige it syn oarspronklike namme werom: Maskwacis, dat "Beareheuvels" betsjut yn 'e taal fan 'e Kry-Yndianen.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Meindert Hobbema yn it Ryksmuseum
- Webside HistoryofHolland oer Hobbema
- Oer it Fryske komôf fan Hobbema
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Meindert Hobbema fan Wikimedia Commons. |