Mei Sletten Doarren
Mei Sletten Doarren | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Huis Clos | |
auteur | Jean-Paul Sartre | |
taal | Frânsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
1e opfiering | 1944, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Mei Sletten Doarren | |
publikaasje | 1994, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Mei Sletten Doarren, yn it oarspronklike Frânsk: Huis Clos (útspr.: /wi klo/), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte tweintichste-iuwske eksistinsjalistyske Frânske skriuwer Jean-Paul Sartre. Yn it stik wurde trije ferstoarne sielen yn it hjirneimels bestraft troch foar ivich mei-inoar yn ien keamer opsletten te wurden; dêrfandinne Sartre syn bekende sitaat: "l'enfer, c'est les autre" ("de hel is oare minsken"). Sartre miende sels in komeedzje skreaun te hawwen, mar de ienakter wurdt fierders frij algemien as in trageedzje beskôge. Huis Clos waard skreaun, útjûn en foar it earst opfierd yn 1944; der binne twa Fryske oersettings, ien fan Klaas Bruinsma, út 1994, en ien fan Pyt en Tryntsje van der Zee, út 1995.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Sartre is de hel, nettsjinsteande tradisjonele opfettings, net in plak dêr't men lichaamlik tramtearre wurdt. Krekt oarsom, de alderfolsleinste wredens kin men ûnderfine yn bgl. in begoedige húskeamer yn it selskip fan hiel fatsoenlik útsjende lju. Der is gjin ferlet fan baarnende koallen, folterwurktugen of swipen, mar inkeld fan trije net byinoar passende persoanen dy't ferplichte binne om altyd yn inoars selskip te wêzen sûnder dat ûntkommen — al wie it mar troch jinsels tekoart te dwaan — mooglik is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trije ferflokte sielen, Garcin, Inès en Estelle, wurde nei ien en deselde keamer yn 'e hel ta brocht troch in riedselige tsjinstfeint. Elts fan harren ferwachtet in midsiuwskige martelkeamer dêr't se foar ivich lichaamlik tramtearre wurde sille, mar it blykt in ienfâldich en hiel gewoan ynrjochte fertrek te wêzen. Gjinien fan trijen jout de reden foar syn of har ferflokking ta. Garcin seit dat er terjochtsteld is om't er in pasifist is, wylst Estelle úthâldt dat se hjir alhiel net thúsheart en dat der in flater makke wêze moat. Inès ropt de oaren lykwols op om op te hâlden mei ligen en harren misdieden op te bychtsjen. Sy wegeret om te leauwen dat se by tafal mei-inoar yn dizze keamer fêst kommen binne te sitten en se is ek de earste dy't beseft dat se byinoar stoppe binne om inoar it libben soer te meitsjen. Garcin stelt foar om inoar safolle mooglik mei rêst te litten, mar syn útstel wurdt negearre troch de beide froulju.
Nei in hoart redendield te hawwen, beslute se om dochs mar harren misdieden op te bychtsjen, sadat se witten wat se faninoar ferwachtsje kinne. Gercin bedreach en mishannele syn frou; Inès ferlate de frou fan har neef wylst se by dyselden yn wenne; en Estelle makke in groebeltsje en fermoarde dêrnei it bern dat it resultaat dêrfan wie. It feit dat se faninoar witte wat se dien hawwe, feroaret lykwols neat. Inès besiket Estelle te ferlieden, mar makket har ynstee benaud. Garcin jout einlings ta oan Estelle har besykjen om hìm te ferlieden, ta grutte argewaasje fan Inès. Garcin en Inès reitsje deilis en Garcin besiket út 'e keamer te ûntkommen. Hy kriget de keamersdoar wol iepen, mar kin mar net troch it doarsgat slagje. Inès besiket syn ûntsnapping fierder te sabotearjen, mei as gefolch dat Estelle har besiket dea te stekken. Mar om't se al dea binne, jout dat fansels neat. Yn fernuvering stekt Estelle dan harsels del, mei itselde (brekme oan) resultaat. It stik einiget as se mei har trijen yn laitsjen útbarste fanwegen de absurditeit fan 'e sitewaasje en har der dan by dellizze om 'e ivichheid mei-inoar troch te bringen.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan Huis Clos ferskynde yn 1994 ûnder de titel Mei Sletten Doarren, fan 'e hân fan oersetter Klaas Bruinsma. Yn 1995 kaam der in twadde Fryske oersetting út, diskear troch Pyt en Tryntsje van der Zee, ûnder de titel Mei Sletten Doarren: Toanielstik yn Ien Bedriuw (Fiif Tafrielen), by de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, te Drachten, yn in boekje fan 53 siden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side. |