Matthew Henry

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Matthew Henry

Matthew Henry (18 oktober 166222 juny 1714) wie in Ingelsk teolooch.

Hy waard berne op Broad Oak in plak op de grins fan de distrikten Flintshire yn Wales en Shropshire yn Ingelân. Syn heit wie Philip Henry, dy't krekt foar de berte fan Henry út de Ingelske steatstsjerke setten wie fanwegen de Wet op de Lykskeakeling fan 1662. Yn tsjinstelling mei oaren dy't it selde pak drage moasten hie Philip middels foar himsels en koe sa syn soan goed ûnderwiis folgje litte. Matthew gie ynearsten nei in skoalle yn Islington en dêrnei nei Gray's Inn. Rillegau ruile hy syn rjochtenstúdzje yn foar de teologystúdzje en waard yn 1687 dûmny fan de Prebiteriaanske gemeente fan Chester, Yn 1712 ferfarde er nei Mare Street yn Hackney. Twa jier letter (22 juny 1714) stoar er oan in oerhaal yn Nantwich, doe't er fan Chester nei Londen reizge.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Life of Mr Philip Henry
  • The Communicant’s Companion
  • Directions for Daily Communion with God
  • A Method for Prayer
  • A Scriptural Catechism
  • Exposition of the Old and New Testaments

Externe links[bewurkje seksje | edit source]