Martinus fan Scheltinga
Martinus fan Scheltinga (Bûtenpost, 1656 of 1657 - dêre, 21 jannewaris 1726) wie de soan fan Livius fan Scheltinga, grytman fan Achtkarspelen en Wisckje fan Kinnema, liet him 11 maart 1675 ynskriuwe as juridysk studint oan de hegeskoalle yn Grins en promovearre yn Leien.
Op 20 febrewaris 1679 waard hy oansteld as riedshear oan it Hof fan Fryslân, hy soe it amt 36 jier beklaaie. Neidat er yn 1715 syn rjochterlike betrekking oerjûn hie yn it belang fan syn soan Gajus fan Scheltinga, waard hy op 9 jannewaris 1715 grytman fan Aenjewier ynstee fan syn skoansoan (Jacobus van Bouricius, troud mei Wiskjen van Scheltinga). Mar al yn 1721 liet hy ek dizze betsjinning farre, foar syn pakesizzer Martinus fan Bouricius. Sels bleau hy, fanwege Martinus syn minderjierrichheid, substitút-grytman oant syn dea.
By syn frou Jetscke Wisckia fan Broersma krige er njoggen bern, wêrfan't in dochter Wisckje boaske mei Jacobus fan Bouricius, grytman fan Aengwirden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|