Margot Boer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Margot Boer
Margot Boer
Margot Boer
Namme Margot Boer
Bertedatum 7 augustus 1985
Berteplak Woubrugge
Grutte 1,81 m
Sportive ynfo
Sport Reedriden
Underdiel(en) 500 m, 1000 m
Olympyske Spullen Fankoever 2010- Sotsjy 2014
Debút 2006


Margot Boer (Woubrugge, 7 augustus 1985) is langebaanrydster út Goaiïngaryp. Se is spesjalisearre yn de sprintôfstannen en rydt foar Team Liga. Earder hat se shorttrackt en tennisse. Oan it shorttrack hat se har goede bochtetechnyk oerhâlden.[1]

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Seizoen 2006-2007[bewurkje seksje | edit source]

Boer makke har trochbrek yn it seizoen 2006/2007 diel út fan it KNSB Opliedingsteam. Oan it begjin fan it seizoen wurdt Boer Nederlansk kampioene op de 500 meter en fiifde op de 1000 meter. Hjortroch pleatste se har foar de wrâldbekerwedstriden op beide ôfstannen. Op it NK Sprint wward se yn begjin 2007 3e efter Marianne Timmer en Annette Gerritsen. Mei harren en Ireen Wüst mei se dêrtroch meidwaan oan it WK Sprint yn Hamar, dêr't se 6e wurdt.

Seizoen 2007-2008[bewurkje seksje | edit source]

Fan dit seizoen ôf komt Boer út foar de DSB ploech ûnder lieding fan coach Jac Orie. Yn it earste rydwykein leit se beslach op it 2e plak op de 500 meter, efter teamgenoatsje Annette Gerritsen. Op de 1000 meter falt Boer lykwols en wurdt se dus lêste. Dit is in grutte teloarstelling foar har, omt se har pleatse woe foar de kommende wrâldbekerwedstriden en dwaande wie mei in tige goede race. Op har lêste ôfstân, de 1500 meter, wurdt Boer 14e yn in tiid fan 2.02,61, rom 4 sekonden efter winnaresse Paulien van Deutekom (1.58,26).
Flak foar it NK sprint fan 2008 ûntstie in wûntsje yn de al sûnt de simmer opswolde ankel. In wike foar de WK sprint blykte it wûntsje ynfektearre te wêzen, wêrtroch't in medyske yngreep needsaaklik wie. Hjirtroch moat se it WK sprint misse wêrtroch't har plak ofold wurdt troch Paulien van Deutekom dy't by it EK Allround sulver pakte[2].

Olympyske Winterspullen 2010[bewurkje seksje | edit source]

Boer helle op de Olympyske Winterspullen 2010 yn Vancouver in fjirde plak op sawol de 500 meter as de 1500 meter, en in seisde plak op de 1000 meter.

Seizoen 2010-2011[bewurkje seksje | edit source]

Op 7 maaie 2010 makke Boer op in parsekonferinsje bekend dat se mei Annette Gerritsen en Marianne Timmer in eigen reedridersploech starte soe. Sponsors en oare riders wiene doe noch ûnbekend, mar op 23 septimber 2010 waard bekend dat koekjesfabrikant Liga de nije sponsor wurde soe. Op it earste toernoai fan it seizoen, it NK Ofstannen wûn se goud op de 500 meter en sulver op de 1000 meter; op de 1500 meter waard se mar sânde, mar pleatste har troch har beskerme steatus ek op dizze ôfstân foar de earste wrâldbekerwedstriden.

Rekords[bewurkje seksje | edit source]

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | edit source]

  • 500 m - 37,64 (4 desimber 2009, Calgary )
  • 1000 m - 1.14,50 ( 6 maart 2009, Salt Lake City )
  • 1500 m - 1.57,66 ( 3 maart 2007, Calgary )
  • 3000 m - 4.35,70 ( 26 febrewaris 2005, Grins )
  • 5000 m - 8.12,56 ( 25 febrewaris 2006, Grins )

Resultaten[bewurkje seksje | edit source]

jier NK
Ofstannen
NK
Sprint
WK
Sprint
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
Wrâldbeker
2004 20e 1000m 14e
2005   8e 500m
14e 1000m
35e 500m
20e 1000m
2006   6e 500m
11e 1000m
6e
(4e, Brûns, 8e, 6e)
14e 100m
18e 500m
18e 1000m
2007   Goud 500m
  5e 1000m
  5e 1500m
Brûns
(Brûns, Sulver, Brûns, Sulver)
6e
(9e, 8e, 11e, 6e)
10e 500m
  7e 1000m
19e 100m
8e 500m
12e 1000m
30e 1500m
2008   Sulver 500m
22e 1000m
Brûns
(Sulver, 5e, Sulver, 6e)
30e 100m
13e 500m
26e 1000m
6e efterfolging
2009   Sulver 500m
  7e 1000m
17e 1500m
Goud
(Goud, Brûns, Sulver, Sulver)
4e
(8e, Goud, 9e, Brûns)
6e 500m
Brûns 1000m
21e 100m
Sulver 500m
5e 1000m
2010   Sulver 500m
  Sulver 1000m
Sulver
(Sulver, Brûns, Goud, Goud)
4e 500m
6e 1000m
4e 1500m
Sulver 500m
Sulver 1000m
13e 1500m
2011   Goud 500m
  Sulver 1000m
  7e 1500m
Goud
(Goud, Brûns, Goud, Brûns)
Brûns
(Sulver, 8e, Sulver, 5e)
Brûns 500 m
Brûns 1000m
2012   Sulver 500m
  4e 1000m
  4e 1500m
Goud
(Brûns, Sulver, Sulver, Brûns)
2014 Brûns 500 m

Medaljespegel[bewurkje seksje | edit source]

Kampioenskip Goud Sulver Brûns
NK Ofstannen
2
6
0
NK Sprint
2
1
2
WK Ofstannen
0
0
1
WK Sprint
0
0
1

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berjocht:Cite web
  2. "Blessure kost Margot Boer deelname WK Sprint" NU.nl, 14 jannewaris 2008