M2 Browning
It M2 Browning-masinegewear is in swiere mitrailleur dy't ûntwurpen is tsjin de ein fan de Earste Wrâldkriich troch John Browning.
[bewurkje seksje] Namme
It masinegewear hat as bynamme 'Ma Deuce', ôflaat fan: M2, mar wurdt troch de Amerikanen gewoanwei "Fifty-Cal." neamd nei it kaliber. Yn Nederlân wurdt it wapen Punt Fyftich neamd. De officsjele benamming foar it tsjintwurdige ynfanterytype is: Browning Machine Gun, Cal. .50, M2, HB, Flexibel.
[bewurkje seksje] Tapassing
De M2 brûkt .50 inch (12,7 mm)-patroanen. It wapen is effektyf oant tsjin ynfantery, licht pantsere reau en boaten, lichte fersterkingen en leechfleanende fleanmasines, ôfhinklik fan it soarte munysje dat brûkt wurdt.
It Browning-masinegeweer wurdt in protte tapast op voertuigen en earder ek as fleanmasinebewapeing troch de Feriene Steaten fan 1920 ôf. “Bygelyks de bommesmiter Boeing B17, it "Fleanend fort" en de jager P 51 “Mustang", hiene de . 50 as bewaping. It wapen waard yntensyf brûkt yn de Twadde Wrâldkriich, de Koreaanske Kriich, de oarloch yn Fietnam en de operaasjes yn Irak yn de jierren 1990 en 2000.
De M 2 is de primêre swiere mitrailleur fan de NAVO-lannen, en wurdt ek brûkt troch in protte oare lannen. De M2 is langer yn gebrûk as hokker oar lyts wapen ek út it FS-arsenaal. De M2 wurdt op it heden produsearre troch General Dynamics en Fabrique Nationale de Herstal (FN) út Belgje, ûnder oaren foar de Amerikaanske oerheid. FN is as mei-fabrikant keazen omdat John Browning dêr wurke hat oan it begjin fan de 20e ieu.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Browning M2 fan Wikimedia Commons. |