Springe nei ynhâld

Led Zeppelin (band)

Ut Wikipedy
Led Zeppelin
band
Logo fan Led Zeppelin
Logo fan Led Zeppelin
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Hardrock
bestean 19681980
reünys: 1985, 1988, 1995, 2007
label(s) Atlantic,
Swan Song
prizen Grammy Lifetime Achievement
   Award
(2005)
webside ledzeppelin.com
leden
Sang &
Mûlharp
Robert Plant
Gitaar Jimmy Page
Bas &
Toetsen
John Paul Jones
Drums John Bonham
Mei de klok mei, fan linksboppen ôf: Jimmy Page, John Bonham, Robert Plant, John Paul Jones.

Led Zeppelin wie in Ingelske rockband dy ’t faak beskôge wurdt as ien fan de earste hardrock bands, hoewol ’t hja ek rêstige folklietsjes en bluesmuzyk spilen. Harren bekindste lieten binne “Whole lotta love” en “Stairway to heaven”. De band waard yn 1968 oprjochte troch Jimmy Page, dy ’t earder spile by the Yardbirds en ek regelmjittich op platen fan oaren meispile as studio-muzikant.

Doe ’t the Yardbirds útelkoar foel, en Jimmy Page as ienige oerbleau, socht hy nije muzikanten om fierder mei te gean. Hy foarme in band mei de sjonger Robert Plant, bassist en oargelspiler John Paul Jones en drummer John Bonham. De Yardbirds hienen noch in kontrakt foar in tal optredens yn Skandinavië, dy’t de nije band oernaam ûnder de namme The New Yardbirds.

Dêrnei waard de namme fan de band feroare yn Led Zeppelin. Yn jannewaris 1969 brochten hja it earste album út dat ek Led Zeppelin neamd waard. Op dat album stienen in tal lûde blues en rock lieten sa as “How many more times” en “Daze and confused” mar ek akoustyske ferskes. Dat soe harren skaaimerk bliuwe, hoewol ’t hja it meast bekind waarden mei de lûde rock en faak beskôge wurde as ien fan de earste hardrock bands. It wichtichste skaaimerk fan Led Zeppelin binne de gitaarsoloos en riffs fan Jimmy Page en it grutte berik en de lange lûde úthalen fan sjonger Robert Plant.

Yn oktober 1969 waard it album “Led Zeppelin II” útbrocht mei as iepeningsliet it bekinde “Whole lotta love” dat ek de meast suksesfolle single fan de band is. It liet is skreaun troch de bluessjonger Willie Dixon en Led Zeppelin hat der in eigen bewurking fan makke.It album “Led Zeppelin III” waard yn 1970 opnaam yn in Bron-Y-Aur, in achttjinde ieusk hûske boppenop in heuvel yn Wales. Nei in swiere tournee kamen hja dêr wer ta rêst om nije lieten te skriuwen en op te nimmen. Troch dat ferbliuw wie der op dat album noch mear Ingelske folkmuzyk te hearren.

Op it fjirde album stiet gjin offisjele titel, mar wol fjouwer runetekens. It album wurdt sjoen as it bêste en belangrykste album fan de band. It is ek ien fan de bestferkofte albums út de muzykskiednis. Omdat it gjin offisjele namme hat, wurdt it “Led Zeppelin IV” neamd. Op dit album wurdt hardrock kombinearre mei Ingelske folkmuzyk, rock en roll en blues. It album begjint mei twa hurde rock lieten, “Big black dog”en “Rock ’n roll” folge troch it folkliet “The Battle of evermore”, dat Robert Plant sjongt tegearre mei de Britske folkssjongeres Sandy Denny. Derneii folget ien fan de hichtepunten fan dit album of faaks wol fan het hiele oeuvre fan de band, “Stairway to heaven”. In liet dat opboud wurdt fanút ienfâldich akoustysk gitaarspul nei hurde en opswypkjende elektryske gitaar en sang. Dit liet stiet alle jierren by de boppeste fiif fan Radio2 Top 2000.

It folgjende album “Houses of the holy” út 1973 waard ek goed ûntfong troch it publyk en de kritisy. De band gong wer op tournee nei de Feriene Steaten en bruts ferskate rekords wat it oantal taskôgers oanbelanget. Ek it dubel album “Physical Graffity” (1975) wie wer in gigantysk sukses. Yn 1975 koe Robert Plant in skoft net optrede, om ‘t hy belutsen wie by in slim auto ûngelok yn Grikelân. Dy tiid brûkten de manljue om lieten te skriuwen foar it nije album “Presence”. Fan dat album waarden wer in hiel soad ferkocht mar de fans en de kritisy wienen der dochs wat minder oer te sprekken. Dat wie ek sa mei de konsertfilm “The song remains the same” en it byhearrende album mei de konsertopnamen, dy ‘t eins mar wat lauw ûntfong waarden. It album “In through the outdoor” út 1978 helle wol wer it earste plak op de albumlisten yn de FS en Ingelân, mar krige wikseljende reaksjes fan de kritisy.

Op 25 septimber 1980 ferstoar de drummer John Bonham as gefolch fan oermjittich alkoholgebrûk. Hoewol’t der in tal bekinde drummers wienen dy ‘t syn plak wol ynnimme woenen, besletten de oare bandleden om de band op te heffen. Der ferskynde noch ien album, mei eardere studio opnamen dy ‘t noch nea útbrocht wienen. Op dat album “Coda” (1982) stiet ek in drumsolo fan John Bonham, mei elektroanyske effekten troch Jimmy Page, “Bonzo’s Montreux”.

De oerbleaune bandleden spilen op it Live Aid konsert wêrby ‘t de drummers Phil Collins en Tony Thomson en de bassist Paul Martinez meidienen. Dat mislearre om ‘t ja net foldwaande repetearre hienen mei de beide drummers, om’t de gitaar fan Jimmy Page net goed ôfstimd wie en om ‘t Plant in hease stim hie. Ek in konsert yn 1988, mei John Bonham’s soan Jason Bonham as drummer, wie in teloarstelling. Yn 1994 spilen Jimmy Page en Robert Plant tegearre “Unplugged” foar MTV. De beide mannen hienen de bassist John Paul Jones net frege om mei te dwaan.

Yn desimber 2007 kaam Led Zeppelin wer by elkoar foar in konsert yn Londen. Jason Bonham naam it plak wer yn fan syn ferstoarne heit. Letter ferskynde der in album en dvd “Celibration day” fan dit konsert. Der gongen geroften dat Jimmy Page, John Paul Jones en Jason Bonham wol wer op tournee woenen, mar Robert Plant hie it te drok mei syn solo projekten en hie dit haatstik ôfsletten. Der binne noch in tal albums útbrocht neidat de band opheft is (dat binne kompilaasjes of âlde opnamen dy 't noch net earder útbrocht wienen). Yn de diskografy is in seleksje fan dy albums opnaam.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Led Zeppelin 12 jannewaris 1969 Atlantic Good Times Bad Times
Led Zeppelin II 22 oktober 1969 Whole Lotta Love
Led Zeppelin III 5 oktober 1970 Immigrant Song
Sûnder titel
Led Zeppelin IV
8 novimber 1971 Black Dog,
Rock and Roll
Houses of the Holy 28 maart 1973 Over the Hills and Far Away,
D'yer Mak'er"
Physical Graffiti 24 febrewaris 1975 Swan Song Trampled Under Foot
Presence 31 maart 1976 Candy Store Rock
In Through the Out Door 15 augustus 1979 Fool in the Rain
Album Utbrocht op Label
The Song Remains the Same 22 oktober 1976 Swan Song
BBC Sessions 11 novimber 1997 Atlantic
How the West Was Won 27 maaie 2003
Celebration Day 19 novimber 2012

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
Coda 19 novimber 1982
Led Zeppelin Boxed Set 7 septimber 1990
Led Zeppelin Remasters 15 oktober 1990
Led Zeppelin Boxed Set 2 21 septimber 1993
The Complete Studio Recordings 24 septimber 1993
Early Days:
Best of Led Zeppelin Volume One
23 novimber 1999
Latter Days:
Best of Led Zeppelin Volume Two
21 maart 2000
Early Days and Latter Days 19 novimber 2002
Mothership 12 novimber 2007
Definitive Collection 4 novimber 2008