It fjirde studio-album fan Led Zeppelin had offisjeel gjin namme, mar offisjeus hjit it album Led Zeppelin IV. It album waard opnommen fan desimber 1970 oant en mei febrewaris 1971 yn in oantal ferskillende studio's yn Grut Brittanje en waard in pear moanne letter op 8 novimber 1971 útbrocht. Op it album stiet, ûnder oare, de hardrock klassiker "Stairway to heaven". It nûmer is opmerklik genôch op fersyk fan de bandleden nea op single útbrocht.