Springe nei ynhâld

L'Hospitalet de Llobregat

Ut Wikipedy
L'Hospitalet de Llobregat
Bestjoer
Lân Spanje
Aut. mienskip Kataloanje
Provinsje Barcelona
Sifers
Ynwennertal 257.057 (2012)
Oerflak 12,49 km²
Befolkingsticht. 18.361 / km²
Hichte 8 m
Oar
Stifting 12e iuw
Postkoade 08901 - 08909
Tiidsône CET UTC+1
Simmertiid CEST UTC+2
Offisjele webside
www.l-h.cat

L'Hospitalet de Llobregat is in gemeente mei goed 257.000 iynwenners (sifers 2012), yn de Spaanske regio Kataloanje, yn de provinsje Barselona. De stêd is ien fan de tichtsbefolke stêden fan Spanje en ek fan de hiele Europeeske Uny.

L'Hospitalet de Llobregat, gewoanwei yn it koart Hospitalet neamd, leit tusken de rivier de Llobregat en de stêd Barselona. Feitlik is Hospitalet de súdlike tagongpoarte fan Barselona foar treinreizgers en automobilisten. Hospitalet is part fan de metropoal Barselona. De ynwenners fan Barselona kenne Hospitalet benammen fawege de festiging dêre fan in grutte Sweedske wenwinkel. Elts jier yn oktober wurdt yn Hospitalet it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona holden.

De befolking fan L'Hospitalet bestiet mar foar 45,68% út Katalanen, de oare goed 54% fan de befolking komt of út it bûtenlân (23,76%; fral út Ekwador, de Dominikaanske Republyk en Marokko) of út it oarepart Spanje.

Ynwennertal yn tûzentallen

Berne yn L'Hospitalet de Llobregat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]