Koreaansk Skiereilân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In kaart fan Korea.

It Koreaansk Skiereilân is in skiereilân yn Aazje. It riket sa’n 1.100 kilometer de Stille Oseaan yn, fan Aazje ôf. It skiereilân wurdt omklamme troch de Japanske See (yn Korea de Koreaanske Eastsee) yn it easten, Sineeske Eastsee oan de súdkant en de Giele See yn it westen. De Japanske See en de Sineeske Eastsee wurdt skieden troch de Strjitte fan Korea.

Ynhâld

Lannen [bewurkje seksje]

Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich, bestie it skiereilân út ien lân, Korea neamd. Dat bestie foar it meast út it Koreaansk Skiereilân. Sûnt it begjin fan de Koreaanske Oarloch yn 1953, is it noardlike part fan Noard-Korea en it súdlike part fan it skiereilân fan Súd-Korea.

De noardlike grinzen fan it Koreaansk Skiereilân falle ien mei de hjoeddeiske politike grinzen fan Noard-Korea mei Sina (1.416 kilometer lang) en Ruslân (19 kilometer lang). Dizze grinzen wurde foarme troch de rivieren de Yalu Rivier en de Tuman Rivier. Nei dizze definysje hat it Koreaansk Skiereilân (mei de eilannen meirekkene) in oerflak fan 220.847 kante kilometer.

Yn Noard-Korea wurdt it gebiet Chosŏn Pando neamden yn Súd Korea Han Bando.

Geografy [bewurkje seksje]

It Koreaansk Skiereilân bestiet foar 70% út bergen. De fruchtbere stikken lân binne relatyf lyts, en ferspried oer de rige bergen. Yn it noarden en it easte lizze de measte bergen. De heechste bergen (wêrûnder de Paektushan) binne 2744 meter heech. It skiereilân hat in totale kustlingte fan 8450 kilometer. Benammen de kustline yn it suden en it westen binne ûnregelmjittich. Hjir befine har de measte fan de 3579 eilannen dy’t by it skiereilân hjerre.

Klimaat [bewurkje seksje]

It klimaat op it skiereilân ferskilt in protte. Yn de súdlike gebieten is it relatyf waarm en fochtich, te fergelykjen mei it klimaat fan Japan. Dit komt troch it waarme seewetter, wêrûnder de East-Koreaanske waarme golfstream. De noardlike regio’s binne kâlder en hawwe mear in lânklimaat, fergelykber mei it klimaat yn Mantsjoerije. Yn jannewaris kin it ferskil yn temperatuer tusken it noarden en it suden wol 20 graden selsius wêze.

It hiele skiereilân wurdt wol beynfloede troch in lyksoartige waarpatroan, wêrûnder de East-Aazjatyske moeson yn de simmer en de stoarmen yn de hearst. De winters binne kâld, mei yn jannewaris yn de kâlde gebieten temperatueren ûnder de 0 graden selsius.

Biology [bewurkje seksje]

Stúdzjes nei it Koreaansk Skiereilân hawwe liede ta de identifikaasje fan 3.000 soarten, wêrfan 500 endemyske. It floraryk hat rûchwei trije temperatuersônes. De waarme sônes lizze oan de súdkust en op de eilannen, wêrûnder ek Jeju-do. Hjir komme in soad breedblêderige plantesoarten foar. De normale temperatuersônes binne it meast foarkommend op it skiereilân, útsein de bergen en it suden fan it lân. Hjir komt de Koreaanske din in protte foar. De kâlde temperatuersônes lizze yn de bergen.

Geology [bewurkje seksje]

De measte stienen op it skiereilân komme fan it Prekambrium, mar der kinne ek isolearre gebieten wêze mei stienen út it Paleosoïkum, Mesosoïkum en Senosoïkum.

Der binne gjin aktive fulkanen mear op it skiereilân, mar de Paektushan yn it noarden en de Hallasan yn it suden hawwe beide kratermarren, wat sizze wol dat se koart lyn noch aktyf west binne. Waarme boarnen fertelle dat der lege fulkanyske aktiviteit is. Dizze boarnen wurde oeral op it skiereilân fûn.

Relatyf sjoen fine der twa ierdskoddings yn it jier plak. Dy hawwe lykwols gjin grutte gefolchen.

Sjoch ek [bewurkje seksje]