Springe nei ynhâld

Koisan-talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koisan talen)
Kaart mei dêrop de fersprieding fan taalfamyljes yn Afrika (Koisan-talen yn giel).

De Koisan-talen of Khoisan-talen binne in kloft talen út Súdlik Afrika en East-Afrika dy't har fan oare talen ûnderskiede troch it foarkommen fan 'e saneamde klikkonsonanten. Dêrom wurde se ek wol de "kliktalen" neamd. Eardere teoryen dy't hawwe woene dat dizze talen mei-inoar ien taalfamylje foarmen, binne sûnt ûntkrêfte.

Om 1950 hinne kaam de Amerikaanske taalkundige Joseph Greenberg mei it idee op 'e lapen dat de Koisan-talen ien inkele taalfamylje foarmje soene, mar dy teory waard yn akademyske fermiddens nea folslein akseptearre, en wurdt tsjintwurdich troch saakkundigen planút ôfwiisd. Yn wurklikheid besteane de Koisan-talen út trije ûnderskate taalfamyljes en twa isolearre talen, dy't, ynsafier't men dat no neigean kin, gjin bewiisbere ûnderlinge besibskip fertoane. De term Koisan-talen wurdt sadwaande no inkeld noch brûkt foar it gemak, om in alomfiemjende namme foar sokke kliktalen te hawwen.

Yn totaal binne 20 oant 40 Koisan-talen (ôfhinklik fan wêr't men de grins leit tusken talen en dialekten), dy't mei-inoar sa'n 300.000 sprekkers hawwe. De sprekkers binne foar it meastepart folken dy't hearre ta de gruttere etnyske groepen fan 'e Koikoi (Khoikhoi, foarhinne bekend as Hottentotten) en de San (foarhinne "Boskjesmannen" neamd), út 'e Kalaharywoastyn fan Namybje, Botswana, Angoala en Súd-Afrika. De oantsjutting "Koisan" is in gearlûking fan 'e nammen fan 'e Koikoi en de San, dy't har net inkeld op grûn fan taal, mar ek fan rasiale skaaimerken fan oare Afrikaanske folken ûnderskiede. Nei alle gedachten wienen de foarâlden fan dizze folken de earste bewenners fan Súdlik Afrika. Dêrnjonken wurde twa Koisan-talen, it Hadza en it Sandawe, sprutsen yn it Eastafrikaanske Tanzania, troch folken dy't etnysk noch Koikoi, noch San binne.

Der wurdt fan útgien dat yn it ferline Koisan-talen, of yn alle gefallen soartgelikense talen, hiel Súdlik Afrika en grutte dielen fan East- en Sintraal-Afrika ta har ferspriedingsgebiet rekkenje mochten, mar dat se troch de ynfaazje fan Bantû-talen-sprekkende folken út it noarden yn fersprieding en sprekkersoantallen belune binne. Hast gjin inkele Koisan-taal hat hjoed de dei noch in sprekkersoantal dat boppe in pear tûzen útkomt. Utsûnderings binne datoangeande it Sandawe, mei yn elts gefal 65.000 sprekkers en mooglik wol 90.000, en it Nama út Namybje, mei 200.000 sprekkers.

isolearre talen:
Hadza
Sandawe




Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Crystal, D., The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 978-0 14 05 14 162.


Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.