Kalahary

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Kalahary

De Kalahary is it in woastyneftich gebiet yn súdlik Afrika. Foar it meastepart is it in sânich gebiet dat om-ende-by 500.000 km² grut is (13 kear Nederlân). It beslacht sa'n 70% fan Botswana en parten fan Namybje, Súd-Afrika, Angoala, Sambia en Simbabwe.

Yn it gebiet lizze gjin rivieren of marren. De namme "Kalahary" komt út it Tswana en betsjut grutte toarst. Dochst komt yn it gebiet in ferskaat oan libben foar. Under oaren libje der liuwen, hyena's en stoksturtsjes. De minsken dy't der fan âlds wenje binne de Boskjemannen.

Geologen hawwe fêststeld dat de Kalahary ien fan alderâldste stikken fan de ierdkoarste is, mei in leeftyd fan likernôch 3,5 miljard jier. It sân is der readbrún, en it gebiet is ryk oan mineralen lykas stienkoal, koper, nikkel en ek diamant.