Klút

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Klút
Recurvirostra avosetta - Zoo Frankfurt 4.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Klútfûgels (Recurvirostridae)
soarte
Recurvirostra avosetta
Recurvirostra avosetta

De Klút (Recurvirostra avosetta) is in fûgel út de famylje fan de Klútfûgels. De 45 sm grutte fûgel is wer te kennen oan syn swart-wite fearren. Fierder hat er lange swarte skonken en in lange snaffel dy't omheech bûcht.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Klúten komme foar oan de kust fan de Noardsee en rúnom Denemark. Ek komme se foar rúnom de Swarte See. Hja oerwinterje meastentiids by de Middellânske See. De Klút is ôfhinklik fan gebieden mei ûndjip brak wetter foar syn iten.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Klút hat in underskiedende manier fan iten sykje. Se geane nei plakken mei undjip wetter. De klút stekt syn snaffel under wetter en dan makket er meanende bewegings hinne en wer. Se ite meast kreefteftigen en ynsekten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De klút briedt faak yn lytse koloanjes tegearre mei kobben, strânljippen of wytstirnzen. It nest is in beskieden kûltsje oan it strân of yn de kwelder. Beide âlden briede yn sa'n 23-25 dagen de 3-5 aaien út.