Strânljip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Strânljip
Haematopus ostralegus He.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Strânljippen (Haematopodidae)
soarte
Haematopus ostralegus

De Strânljip Haematopus ostralegus is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Strânljippen. De 43 sm grutte fûgel is goed wer te kennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.

Oare nammen[bewurkje seksje | edit source]

De strânljip wurdt yn it Frysk ek wol fjildakster/ekster, bûnte liuw/ljip/pyt of Stynske ljip of liuw neamd.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Strânljip komt yn hiel Euraazje foar, fan West-Jeropa troch Sintraal-Aazje oant Sina. Foar it grutste part is it in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Jeropa of Súd-Aazje. Allinnich yn West-Jeropa bliuwt de strânljip it hiele jier op itselde plak.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

By't maaitiid begjinne de strânljippen mekoar yn kloften it hof te meitsjen. Se rinne dan mei de snaffel nei ûnderen om mekoar hinne wylst se lûd roppe. De fûgels hawwe in ienfâldich nêst, in lyts kûltsje weryn't se sa'n 2-4 aaien lizze. It nêst kin op it strân wêze, op it boulân, yn de greide of sels yn it grint op in plat dak. De aaien komme nei 4 wike út.

Strânljip broedtsje.JPG

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De strânljippen ite meast wjirms of skulpdieren.