Kattegat
Ut Wikipedy
It Kattegat (Sweedsk: Kattegatt, Deensk: Kattegat) is de seestrjitte tusken Denemark en Sweden dy't diel útmakket fan de ferbining tusken de Noardsee en de Eastsee. Dy ferbining ferrint troch it Skagerrak, it Kattegat en dan of de Sont, of de Grutte Belt of de Lytse Belt. It wetter hat in oerflakte fan 22.000 km². De namme Kattegat komt fan Nederlânske seelju en betsjut kattelûkje of neare trochgong. Deselde namme wurdt ek yn de measte oare talen brûkt, by guon talen wat oars stavere om de útspraak.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kattegat fan Wikimedia Commons. |