Grutte Belt

Ut Wikipedy
Seestrjitten yn Denemark

De Grutte Belt (Deensk: Storebælt) is in seestrjitte tusken de Deenske eilannen Seeland en Funen. Sûnt 1997 binne de eilannen mei elkoar ferbûn troch de Grutte Beltbrêge. De Grutte Belt is de grutste fan de trije seestrjitten dy't it Kattegat mei de Eastsee ferbine. De Grutte Belt is 60 km lang en 16-32 km breed. De Grutte Belt hat twa grutte eilannen: Sprogø yn it noarden en Langeland yn it suden. Under Sprogø spljaltet de Grutte Belt him yn in east- en in westkanaal.

Yn it ferline frege de Deenske oerheid tol foar de skippen yn de Deenske seestrjitten: de Sonttol. Yn 1857, by it Ferdrach fan Kopenhagen, kaam dêr in ein oan. Sûnt is de Grutte Belt in ynternasjonaal wetter.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]