Kanadeeske Prêrjes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De lokaasje fan 'e Kanadeeske Prêrjes yn Kanada.

De Kanadeeske Prêrjes of de Prêrjeprovinsjes is in oantsjutting dêr't trije fan 'e westlike provinsjes fan Kanada mei oantsjut wurde: Manitoba, Saskatchewan en Alberta. Dêrfan beslane rûchwei de súdlike helten yndie in diel fan 'e Noardamerikaanske prêrje. Yn 'e mande mei Pasifysk Kanada, oftewol de provinsje Britsk-Kolumbia, foarmje de Kanadeeske Prêrjes de gruttere regio fan Westlik Kanada.

De trije provinsjes fan 'e Kanadeeske Prêrjes hiene yn 2011 mei-inoar in befolking fan krapoan 5,9 miljoen minsken op in mienskiplik oerflak fan likernôch 1.781.000 km², wat in befolkingstichtens fan 3,3 minsken de km² opsmiet. Fan 'e totale befolking fan Kanada libbet 17,6% op 'e Kanadeeske Prêrjes. De grutste stêd yn it gebiet is Calgary, yn Alberta, mei Edmonton, ek yn Alberta, op it twadde plak, beide mei likernôch 1,2 miljoen ynwenners. Nûmer trije is Winnipeg, yn Manitoba, mei 664.000 ynwenners, wylst Saskatoon, de grutste stêd fan Saskatchewan, op it fjirde plak komt, mei 260.000 minsken.

De befolking fan 'e Kanadeeske Prêrjes is fierhinne fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes Ingelsen, Skotten, Ieren, Dútsers en Frânsen, en dêropta ek in grutte minderheid dy't fan Eastjeropeesk komôf is, fral Oekraïners, Russen en Poalen. Ek de lânseigen befolking, Yndianen en Métis, meitsje op 'e Kanadeeske Prêrjes relatyf hege persintaazjes fan 'e befolking út.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.