Kaap Bretoneilân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaap Bretoneilân
Cape Breton Island
Flagge Wapen
Cape Breton Island flag 1997.png Nog geen wapen
gjin offisjeel biedwurd
Lokaasje yn Kanada
Cape Breton Island.png
Algemien
Ofkoarting n.f.t.
Status (jier) regio fan Nij-Skotlân (1820)
Haadstêd Sydney
Grutste stêd Sydney
Offisjele taal Ingelsk (de facto)
Ynwennertal 135.974 (2011)
Befolkingstichtens 13,1 / km²
Oerflak 10.311 km²
Bykommende ynformaasje
Tiidsône UTC -4
Webside (gjin offisjele webside)

Kaap Bretoneilân (Ingelsk: Cape Breton Island; Frânsk: Île du Cap-Breton; Skotsk-Gaelysk: Eilean Cheap Bhreatainn; Mikmak: Únamakika) is in middelgrut eilân dat yn 'e Atlantyske Oseaan, fuort foar de noardeastkust fan it Nij-Skotlânskiereilân, yn eastlik Noard-Amearika leit. Tegearre mei dat skiereilân foarmet it de Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân, en makket it diel út fan 'e gruttere regio's fan 'e Kustprovinsjes en Atlantysk Kanada.

Utsjoch op 'e kust fan Kaap Bretoneilân.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Kaap Bretoneilân beslacht in oerflak fan 10.311 km², wat delkomt op 18,7% fan it grûngebiet fan 'e provinsje Nij-Skotlân. Yn it easten en súdeasten wurdt it eilân begrinzge troch de iepen see fan 'e Atlantyske Oseaan, en yn it westen en noardwesten troch de Saint Lawrencebaai. Yn it noarden skiedt de Cabotstrjitte it fan it eilân Nijfûnlân, dat diel útmakket fan 'e Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador. Yn it suden is it tsjintwurdich mei in seedyk, de Canso Causeway, troch de Cansostrjitte, ferbûn mei it Nij-Skotlânskiereilân. Kaap Bretoneilân wurdt fan it suden nei it noarden ta stadichoan heger, om syn hichtepunt te berikken yn 'e rotsige heechlân oan 'e noardkust, dêr't it Kanadeeske regear yn 1936 it Nasjonaal Park de Kaap Bretonheechlannen oprjochte, mei in oerflak fan 949 km². De midden fan it eilân wurdt dominearre troch de Bras d'Or-mar, ien fan 'e grutse sâltwettermarren fan 'e wrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De oarspronklike bewenners fan Kaap Bretoneilân binne de Mikmak-Yndianen, dy't der al taholden doe't yn 1497 as earste Jeropeaan de Italjaanske ûntdekkingsreizger yn Ingelske tsjinst John Cabot (Giovanni Caboto) it eilân oandie. Om 1521 hinne stiften de Portegezen op it eilân in lytse fiskerskoloanje, dy't teminsten oant 1570 bestien hawwe moat. Yn 1629 waard op Kaap Bretoneilân de earste Skotske delsetting stifte. De Skotten waarden lykwols al rillegau ferslein en ferdreaun troch de Frânsen, dy't it eilân de namme fan Île Royale ("Keninklik Eilân") joegen, en der fan 1629 oant 1659 ferskate delsettings ûnderholden. Dêrnei liet men de kolonisaasje fan Kaap Bretoneilân mear as in heale ieu sloere, oant de Frânsen by de Frede fan Utert, yn 1713, it Nij-Skotlânskiereilân en de Frânske koloanjes op Nijfûnlân oan 'e Britten ôfstean moasten. Dêrop brochten se de befolking fan Placentia, op Nijfûnlân, oer nei it Kaap Bretoneilân en leine se oan 'e eastkust de fêsting Louisbourg oan.

De haven fan Sydney, de grutste stêd en it tradysjonele haadplak fan it eilân.

Hoewol't Louisbourg yn 1745 ferovere waard troch de Britske koloniale milysje út Nij-Ingelân, en nochris troch de Britten yn 1758, bleau it ien fan 'e wichtichste plakken yn 'e koloanje Nij-Frankryk oant Frankryk oan 'e ein fan 'e Sânjierrige Oarloch, yn 1763, frijwol al syn besittings yn Noard-Amearika oan 'e Britten ôfstean moast. Kaap Bretoneilân krige doe syn hjoeddeiske namme, en waard earst in hoart by de Britske koloanje Nij-Skotlân foege, mar wie fan 1784 oant 1820 in aparte Britske koloanje. Guon fan 'e earste kolonisten fan it eilân, nei ôfrin fan 'e Sânjierrige Oarloch, wiene Ieren, dy't har fermongen mei de al oanwêzige Frânsktalige Akadianen, en sa in kultuer foarmen dy't ryk wie oan muzyk en tradysje. De earste duorjende Skotske mienskip op Kaap Bretoneilân wie Judique, dat yn 1775 stifte waard troch in Michael Mor MacDonald, dy't syn earste winter dêre trochbrocht ûnder syn op 'e kop draaide boat, in barren dat wjergalme wurdt yn 'e arsjitektuer fan it pleatslike doarpshûs. Oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch fêstigen har fierders ferskate groepen Amerikaanske loyalistyske flechtlingen, dy't oan 'e kant fan 'e Britten meifochten hiene, op Kaap Bretoneilân. Under dy nijynkommelingen wie David Mathews, in eardere boargemaster fan New York, dy't fan 1795 oant 1798 as luitenant-gûverneur fan 'e koloanje tsjinne.

Yn 1820 waard Kaap Bretoneilân wer by Nij-Skotlân foege. Yn dyselde snuorje, de earste helte fan 'e njoggentjinde ieu, krige it eilân in grutte ynfluks oan ymmigranten út Skotlân te ferwurkjen, fanwegen de kwea ferneamde Heechlânsuverings dêre, wêrby't komelkers en gerniers massaal fan harren pachtlân ferdreaun waarden troch grutgrûnbesitters. Sadwaande hat de kultuer fan Kaap Bretoneilân noch altyd in dúdlik Skotske útstrieling. Yn 'e 1920-er jierren wie it eilân yn 'e greep fan gewelddiedige fakbûnsaksjes, wêrby't wurkjouwers yn 'e minen en de havens neat-ûntsjende stakingsbrekkers ynsetten om it ferset fan 'e wurknimmers te smoaren. Fan 'e fyftiger jierren ôf waard it toerisme stadichoan fan grut ekonomysk belang foar it eilân, en yn 'e sechtiger jierren waard om mear toeristen te lûken sels de fêsting Louisbourg foar in part werboud.

De rûge noardkust fan Kaap Bretoneilân.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Kaap Bretoneilân hie yn 2011 in ynwennertal fan krapoan 136.000 (likernôch 15% fan 'e provinsjale befolking), mei in befolkingstichtens fan 13,1 minsken de km². It eilân is ferdield yn fjouwer countys (fan 'e 18 dy't Nij-Skotlân telt): Cape Breton, Inverness, Richmond en Victoria. Sa'n 75% fan 'e eilânbefolking wennet yn 'e Regionale Gemeente Cape Breton, dy't hiele Cape Breton County beslacht, mei as sintrum Sydney, de grutste stêd en it tradysjonele haadplak fan it eilân.

De Angelsaksysk-Kanadeeske kultuer is op it eilân dominant, en fierwei de measte minsken sprekke Ingelsk. Der binne lykwols trije tradysjonele minderheden. Yn it foarste plak moatte de lânseigen Mikmak neamd wurde, dy't fiif reservaten op Kaap Bretoneilân hawwe: Eskasoni, Membertou, Wagmatcook, Waycobah en Potlotek/Chapel Island. Eskasoni is dêrfan de grutste, sawol kwa befolking as wat oerflak oanbelanget. Dan binne der de Akadianen, de Frânsktalige ôfstammelingen fan 'e earste Frânske kolonisten. Hja binne benammen konsintrearre op it eilantsje Madame en it oanswettende diel fan 'e súdkust, en yn in stripe by de westkust lâns, fan Belle Côte yn it suden oant Chéticamp yn it noarden.

Ta ein beslút binne der dan noch de Gaelysktalige Skotten, dy't fral om Mabou hinne, yn it súdwesten, by St. Ann's, oan 'e noardeastkust, en besuden Belle Côte, oan 'e westkust wenje. In kampanje fan geweld en yntimidaasje ûnder lieding fan 'e provinsjale skoalynspeksje brocht it Gaelysk op Kaap Bretoneilân yn 'e earste helte fan 'e tweintichste ieu op it rântsje fan it útstjerren, mar sûnt de fyftiger jierren hawwe sawol de Gaelyske as de Akadiaanske mienskip har eigen kultuer werûntdutsen, en doe't by de opkomst fan it toerisme bliken die dat der mei soksoarte dingen jild te fertsjinjen wie, kearde ek by de oerheid it tij en begûn men it behâld fan 'e lytse talen oan te moedigjen en te subsidiëarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.