Springe nei ynhâld

Koerlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kûrlân)
Koerlân
Flagge fan Koerlân Wapen fan Koerlân
Lokaasje fan Koerlân
Taal Letsk, Dútsk, Koersk
Haadstêd Mitau
Steatsfoarm -
Tal ynwenners 642.570 (1882)
Oerflak 527.970
Tiidrek Hartochdom 1561-1795
Gûvernemint 1795-1918
Provinsje 1918-1939
Munt -

Koerlân (Letsk: Kurzeme; Dútsk: Kurland; Poalsk: Kurlandia; Russysk: Курляндия; Latyn: Curonia) is in histoaryske regio yn Letlân, tusken de Eastsee, de Golf fan Riga en de Westlike Dvina.

It gebiet hat de namme fan har eardere bewenners, it Baltyske folk fan de Koeren, dy't letter yn it Letske folk opgong binne. Hja wiene yn de 13e iuw oerfallen troch Dútsers. Yn 1561 waard Koerlân mei it Semgallen in hartochdom ûnder Poalsk regear. It waard yn 1795 in Russysk gûvernemint en is sûnt 1918 in part fan Letlân. De boppeklasse fan 'e ynwenners wie oant yn de 20e iuw Dútsktalich; it Letsk waard benammen by de legere klassen sprutsen.

Yn de klassike âldheid binne de Koeren, in Baltysk folk, Koerlân ynfallen. In Dútske militêre oarder hawwe de Koeren oan it begjin fan de 13e iuw kerstene. Yn 1237 kaam it gebiet ûnder it regear fan de Teutoanske ridderoarder, dy't de Dútske ridderoarder oarnaam. Doe waard Koerlân parte yn twa hartochdommen, it hartochdom Koerlân en it hartochdom Semgallen.

Hartochdom Koerlân, 1561–1795

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarder ferswakke yn de 16e iuw troch striid mei de Moskoviten. Nei in oanfal fan Ivan IV kaam de Lyflânske kriich ta stân (1558-1583), dêr't yn de Lyflânske oarder yn 1561 yn parten útïnoar foel. De lêste grutmaster, Godhard Kettler (1561-1587), krige yn dat jier Koerlân en Semgallen as liening fan de Poalske kening Sigismund August. Godhard waard yn 1687 opfolge troch syn soannen Frederik I (1587-1642) en Willem (1587-1616), dy't it gebiet wer ûnder inoar ferparten. De adel liet Willem nei in konflikt mei it bisdom Pilten yn 1616 ôfsette, sadat Frederik oer gâns Koerlân it regear krije koe.

Koerlân belibbe in tiid fan waaksdom ûnder Frederiks soan Jakob (1642-1682), in nuver lieder mei ambysjes. Hy hat fertuten dien foar de hannel, skipsbou en yndustry. De stêden Windau (Ventpils) en Libau (Liepāja) waarden de wichtichste havens fan in mânske marine- en hannelsfloat. Mei Fort Jakob yn Gambia en Tobago yn it Karibysk gebiet krige er yn 1651 en 1652 twa koloanjes. It lot kearde him lykwols tsjin Koerlân doe't Karel X fan Sweden Jakobs neutraliteit yn de Sweedsk-Poalske Kriich (1655-1660) net akseptearre hie. Hy oerweldige de haadstêd Mitau (Jelgava) yn 1658 en Jakob kaam telâne yn de finzenis. Koerlân hie doe syn koloanjes ferlern oan de Nederlannen.

Jakob Kettler krige by de Frede fan Oliva syn frijheid en lân werom. Ek krige Koerlân Tobago werom, mar Jakobs neifolger Frederik II Casimir (1698-1711) moast it eilân troch syn nuvere libbensstyl oan de Britten kwyt. Hartoch Frederik III Willem (1698-1711) hie te lijen fan nije Sweedske ynfallen ûnder de Grutte Noardske Kriich (1700-1721). Hy boaske yn 1710 mei Anna, in nicht fan Peter de Grutte, mar stoar krekt in jier letter.

Ferlies fan ûnôfhinklikens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dútsers koene harren goede posysje behâlde oan de ein fan 'e 19e iuw; doe waarden de Letten en Dútsers slachtoffer fan de Russifikaasjepolityk. It Dútsk hie syn posysje as bestjoerstaal yn 1867 ferlern.

Koerlân wie yn de Earste Wrâldkriich fan 1915 oant 1918 beset troch it Dútske Keizerryk. It krige de status fan provinsje yn de nije republyk Letlân. Yn de Twadde Wrâldkriich foel it bestjoer ûnder de Sowjetuny (1940) en ûnder Nazy-Dútslân (1941-1945). Adolf Hitler joech it befel de Dútske Koeren nei Dútslân te transportearjen, dat de ein fan in tiidrek fan 700 jier Dútske ynfloed betsjutte. Sûnt 1945 is Koerlân wer in part fan Letlân, dat syn ûnôfhinklikens yn 1991 krige.