Junkers Ju 52
Ut Wikipedy
Junkers Ju-52/3m fan de Flugausstellung L. + P. Junior (19 april 2006)
cockpit fan de Junkers Ju-52/3m fan de Flugausstellung L. + P. Junior (19 april 2006)
De Junkers Ju-52/3m is in ferkears- en transportfleanmasine boud troch de Dútske firma Junkers fan 1932 oant 1945. It tastel is ek bekend as Tante Ju ('muoike Ju'). As ferkears- en frachtfleantúch hat it yn grif 12 lannen tsjinne, bygelyks by Swissair en Lufthansa. De Ju 52 hat oant yn 80er jierren by guon loftfeartmaatskippijen brûkt west.