Jonas Salk

Ut Wikipedy
Jonas Salk

Jonas Salk (* 28 oktober 1914, New York City - † 23 juny 1995, La Jolla) is de útfiner fan it earste faksin tsjin polio.

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonas Salk wie de âldste fan trije jonges fan Daniel B. Salk en Dora Salk. Op it City College yn New York woe er rjochten studearje, mar hy gong oer op in stúdzje medisinen oan it College of Medicine fan de New York University. Yn 1938 wurke er mei Thomas Francis oan it ûntwikkeljen fan in grypfaksin. Yn 1939 studearre er ôf, mar yn 1942 gied er nei de University of Michigan dêr't er op 'e nij mei Thomas Francis oan in grypfaksin wurke. Mei troch dy faksins, dy't yn de oarloch brûkt waarden troch it leger fan de Feriene Steaten, kaam der nei de oarloch net in grypepidemy, lykas dat nei de Earste Wrâldkriich al bart wie.

Poliofaksin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1947 waard er oansteld oan de University of Pittsburgh Medical School, dêr't er begûn oan de ûntwikkeling fan in poliofaksin. Hy hie hjir al wat teoretysk wurk oer dien, en op basis derfan, en it súkses fan it grypfaksin, krige er jildlike stipe fan de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming. Hy kombinearre syn ûnderfining mei it grypfaksin mei ûntdekkingen fan oare ûndersikers yn it fjild, benammen dy fan John Enders, en yn 1952 wie er sa fier dat er teste koe op frijwilligers, wêrûnder himsels en syn húshâlding. Om't de resultaten dêrfan goed wienen publisearre er yn 1953 yn it Journal of the American Medical Association. Yn 1954 waard begûn mei in test yn gâns it lân, dy't yndie it gefolch hie dat it tal fan poliogefallen tebek gong. Op 12 april 1955 waard it súkses oankundige. Salk hat it faksin net patintearre, nei't er sei om't er woe dat it sa wiid mooglik ferspraat wurde soe.

Rom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Polio wie eins net sa'n grut gefaar as oare sykten, mar troch it skrikbyld fan bern op krukken en yn rôlstuollen wie der in algemiene eangstme foar de sykte ûnststien. Yn de Feriene Steaten samle de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming dêrom mei harren March of Dimes jild yn foar ûndersyk. Yn 1952 hie it tal fan slachtoffers fan de sykte grutter west as ea earder. Alles makke dúdlik dat polio de fijân wie.

Yn dizze situaasje wie it súkses fan it faksin wichtich nijs dat op de radio kaam. Hjirby wie gjin plak foar in útlis fan wa 't krekt wat dien hie; it gong allinnich om it blide nijs dat polio ferslein wie. Hoewol Salk ek foar himsels gjin eare opeaske, krige er dy al taskood. Hy waard foar it publyk de held dy de polio ferslein hie. Mar syn kollega's namen him kwea ôf dat er net earst in wittenskiplike publikaasje dien hie, mei in oersjoch fan de bydragen fan de wittenskippers dy't it sukses mooglik makke hienen. Hjirtroch waarden syn wurk en hy troch in soad wittenskippers negearre.

Sabin-faksin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn pear jier letter waard it Salk-faksin ferfongen troch in faksin fan Albert Sabin, dat makliker en better wie. Mar it probleem dêrby wie dat it Sabin-faksin basearre is op de metoade fan Louis Pasteur, dêr't bytsjes aktyve firussen by brûkt wurde. Yn lannen dêr't polio normaal net mear bestiet, bliuwe der syktegefallen dêr't it Sabin-faksin de minsken al siik makket. Dêrom wurdt dêr no wer mear in ferzje fan it Salk-faksin brûkt, om't dit op in ynaktyf firus basearre is.

Salk Institute[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1963 stifte Jonas Salk it Salk Institute yn La Jolla, Kalifornje, in ynstituut foar medysk en wittenskiplik ûndersyk. Dêr wurke Salk oan ferbettering fan it poliofaksin, en yn lettere jierren oan ûndersyk nei in AIDS-faksin. Hy is op 23 juny 1995 yn La Jolla ferstoarn.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salk publisearre ûnder oaren de boeken.

  • Man Unfolding (1972)
  • The Survival of the Wisest (1973)
  • World Population and Human Values: A New Reality (1981)
  • Anatomy of Reality (1983).